Dosinten yn aksje tsjin útsetting famke (15) út Ljouwert: "Sa'n learling wolle wy net kwyt"

21 jul 2021 - 12:52

Dosinten fan kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert wolle sneon aksjefiere tsjin de útsetting fan in learling. It giet om de 15-jierrige Yaroslava Tymts. Sy komt fan oarsprong fan De Krim.

Op de skoalle fiele se de útsetting as ûnrjocht

De Krim is anneksearre troch Ruslân. De famylje Tymts is op 'e flecht slein en sa yn Nederlân telâne kaam.

De dosinten wolle sneon lesjaan op it Saailân. Dêr wolle se in klaslokaal ynrjochtsje. It is de bedoeling dat de dosinten dêr koarte lessen jouwe oer flechtelingebelied, Oekraïne en oer Yaroslava sels.

"We binne poer tsjin de útsetting fan Yaroslava.", seit rektor Dirk-Jan Dekker fan it Beyers Naudé. "Sy is it skoalfoarbyld fan yntegraasje. It famke is woartele yn de mienskip en op skoalle. Sa'n learling wolle wy net kwyt."

Maatskiplik aktyf

Tymts is maatskiplik hiel aktyf. Earder rjochte se de jongereinried fan de gemeente Waadhoeke op en koartlyn de jongereinôfdieling fan de ChristenUnie yn Fryslân.

Op skoalle is se ûnder oare aktyf as foarsitter fan de learlingeried.

Foto: Omrop Fryslân

"Se is echt ien fan ús op skoalle. Learlingen ha yn it ferline ek al aksjefierd foar har. Dy hawwe doe sels nei Den Haag west", seit Dekker.

Wat it benammen soer makket, is dat de prosedure al sa lang rint, seit Dekker. "De saak spilet al sa'n 6,7 jier. Dan litst as mienskip sa'n famylje folslein woartelje en dan kin se no elts momint útset wurde nei in lân dêr't se neffens ús neat te sykjen hat."

Yaroslava en har famylje binne yn heger berop gien tsjin de útspraak fan de rjochter. Dy saak hat gjin 'opschortende werking', wat betsjut dat se elts momint útset wurde kinne.

Ferline jier is der al in petysje tsjin de útsetting úteinset, meld in wurdfierder fan de learlingen en dosinten fan de skoalle. De stipelist is no bywurke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)