Skeelertocht Bartlehiem foar twadde kear skrast

De 33e edysje fan de Bartlehiem Skeelertocht soe sneon 21 augustus plakfine, mar de organisaaje hat no foar de twadde kear besleten dat de Skeelertocht, mei start en finish yn Hallum, net trochgiet.
NK Skeelerjen © Orange Pictures
De 33e edysje fan de Bartlehiem Skeelertocht wie troch reedriidbûn KNSB oanwiisd as Open Nederlands Kampioenschap foar mannen en froulju. Op it selde parkoers soe tagelyk ek in toertocht oer ferskate ôfstannen plakfine.
It grutste probleem foar de organisaasje is dat it publyk gjin oardel meter oanhâlde kin. Mei de frijwilligers is it net mooglik hjiroan te foldwaan en om dit te hanthavenjen, sa lit de organisaasje witte.

Ek de oare skeelereveneminten geane net troch

De coronamaatregels fan no jilde yn elk gefal oant 13 augustus. Dêrnei is it foar Hallum te koart dei om it evenemint noch te organisearjen. Dit betsjut ek dat Hallum Sportief 2021, de Wielerronde van Hallum en de Skeelerclinics foar de basisskoallebern net mear trochgeane.
De organisaasje hopet dat de 33e edysje fan de Bartlehiem Skeelertocht plakfine sil op sneon 20 augustus 2022 .