Twadde Spelen foar Marrit Steenbergen, mar it bliuwt spannend: "De hele wereld kijkt"

21 jul 2021 - 12:05

Se is noch mar 21 jier, mar sil al foar de twadde kear meidwaan oan de Olympyske Spelen. Swimster Marrit Steenbergen giet mei de estafetteploech op jacht nei in medalje op de 4x100 meter frije slach.

It wurde foar Marrit Steenbergen har twadde Olympyske Spelen

Je soene sizze dat as je al in kear de Olympyske Spelen meimakke hawwe, dat it foar minder stress soarget oan de foarkant. Dat jildt net foar Steenbergen. "Ik vind het heel spannend, maar ik heb er wel heel veel zin in. Het is een toernooi op het hoogste niveau, de hele wereld kijkt. Dat geeft toch wel extra druk. Het is anders dan wanneer je hier een wedstrijdje zwemt."

Fiif swimsters, fjouwer startplakken

Fiif jier lyn yn Rio de Janeiro grypte Steenbergen mei de estafetteploech krekt neist in medalje. Se mocht doe sawol de series as de finale swimme.

Hielendal fanselssprekkend is dat ek wer net, want der binne fiif swimsters foar fjouwer startplakken. Njonken Steenbergen meitsje ek ûnder oaren swimkanonnen Ranomi Kromowidjojo en Femke Heemskerk diel út fan dy ploech, dus twa plakken binne gewoanwei no al ferjûn oan Kromowidjojo en Heemskerk. Steenbergen striidt mei Kim Busch en Kira Toussaint om de oare twa plakken.

Twa moannen lyn op it Europeesk kampioenskip pakte Steenbergen sulver én hearde se by de fjouwer startswimmers. "Het is wel mijn doel om net als bij het EK de finale te halen en ook te mogen zwemmen. Het ligt eraan wie het beste in vorm is", fertelt de swimster dy't yn Eindhoven wennet en traint mei de nasjonale seleksje.

Foto: Omrop Fryslân

Jan Eggo Huininga is net fernuvere oer de prestaasjes fan Steenbergen. Hy joech har training tusken 2006 en 2011 by de Drachtster swimklup DZ&PC. De begjinstappen fan har karriêre sette se dêr, ûnder lieding fan Huininga. "We hiene in hiel talintfolle groep mei tweintich oant tritich swimmers, mar Marrit stuts der fier boppe-út. Yn dy jierren wie se al de beste fan Nederlân, it iene nei it oare Nederlânsk rekôr gie deroan."

De wil om better te wurden siet der by Steenbergen ek al hiel betiid yn, fertelt Huininga. "Doe't se seis, sân jier wie, woe se hiel graach in boarstcrawlkearpunt meitsje. Dat slagge yn earste ynstânsje net, dus moast se gûle. Mar doe sei se: dat wol ik kinne hjoed. Doe ha we de training wat ferlinge en ekstra oefene. Uteinlik, en dat is typysk Marrit, slagget it wol. Op dy leeftiid hie se al safolle trochsettingsfermogen."

Ik zou graag een medaille willen winnen, maar ik weet ook dat dat heel lastig gaat worden.

Marrit Steenbergen wit dat de konkurrinsje op de Spelen grut is

It mei dúdlik wêze: de Nederlânske swimsters geane foar it heechste. En dat is fansels in medalje. Marrit: "Ik zou graag een medaille willen winnen, maar ik weet ook dat dat heel lastig gaat worden."

Want it is oars as by de foarige spelen. "Wij zwemmen een beetje hetzelfde als vijf jaar geleden in Rio, we hebben vergelijkbare tijden. Ik heb het gevoel dat de rest van de wereld wel vooruit is gegaan. Australië is favoriet en je hebt ook landen als Groot-Brittannië, Japan en Frankrijk. Er zijn zoveel sterke landen. Dus het is lastig om onze kansen in te schatten."

Relativearje giet makliker

Troch in mindere periode, wêryn't Steenbergen mei fysike en mentale problemen siet, hat se wol leard om te relativearjen. Fansels wol se in medalje helje, mar as dat net slagget, is dat ek net de ein fan de wrâld.

"Het is nog steeds hét doel van elke sporter. Maar het is niet zo dat mijn toernooi verpest is als ik geen olympische medaille haal. Ik denk dat ik daar wel in ben veranderd. Ik heb een lastige periode gehad, waarin ik geen toernooien heb gezwommen. Tuurlijk, ik wil het heel graag. Maar als het niet zo is, is het ook zo."

Nei har earste Spelen hat Steenbergen in tatoeaazje fan de Olympyske ringen sette litten - Foto: Omrop Fryslân

Wannear komt Steenbergen yn aksje?

De estafetteploech komt al hiel betiid yn it toernoai yn aksje op de 4x100 meter frije slach. De series binne op sneon 24 july tusken 12.00 oere en 14.30 oere Nederlânske tiid. Yn dy series moatte Steenbergen-en-dy besykje om harren te pleatsen foar de finale. Dy is in dei letter, op snein 25 july. Dêrfoar moat de wekker wol op tiid set wurde. De finale fan dat ûnderdiel sil tusken 03.30 oere en 05.20 oere nachts wêze.

De 4x100 meter frije slach is it iennige ûnderdiel wêrop Steenbergen yn aksje komt. Dan swimt se dus gewoanwei twa kear in 100 meter yn sa'n 54 sekonden. Totaal komt se dus eins mar 108 sekonden yn aksje. "Daar heb ik dan vijf jaar voor gewerkt, dat is best wel veel. Zo heb ik er nooit over nagedacht", laket Steenbergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)