Hieltyd mear seehûnen yn de Waadsee

Der wurde hieltyd mear grize seehûnen sjoen yn it Nederlânske part fan de Waadsee. Dat meldt de Wageningen University.
© ANP
Undersikers telden it ôfrûne foarjier 6788. Dat binne der 20 persint mea as in jier lyn. Doe groeide de populaasje ek al mei 20 persint.
Yn de ôfrûne fiif jier is it tal seehûnen gemiddeld mei 13 persint it jier omheech gien. Yn de totale Waadsee binne 9069 seehûnen teld, dat binne der hast 16 persint mear as foarich jier.
De groei soe te krijen hawwe kinne mei it waarme waar. En der swimme faak seehûnen fanút Ingelân hjirhinne.
Fierwei de measte grize seehûnen sitte tusken Flylân ek Skylge. Grize seehûnen binne de grutste rôfbisten dy't yn de súdlike Noardsee libje.