De toan fan Froukje Sijtsma: "Froeger wie alles better"

21 jul 2021 - 10:04

"Hoe âld moatst wêze om te sizzen dat froeger alles better wie? Dy gedachte sjit my de lêste tiid hieltyd faker troch de holle. En: hoe sil dizze tiid dêr't we no yn libje letter yn de skiednisboeken beskreaun wurde?

Fansels wit ik wol dat froeger lang net alles better wie, dat der doe ek in soad ellinde, fertriet en sykte bestie. Dat froulju miskien wol in oar libben liede woenen, mar dat se dan mei lege hannen op strjitte stean soenen. Dat de tsjerke in soad macht hie, dat de riken alles bepaalden of dat je hurd wurkjen moasten. Fansels besef ik dat wol.

Dochs haw ik op it heden gauris soargen oer de maatskippij dêr't wy no yn libje en wêryn't ik in bern grutbring. Is it raar dat ik soms winskje dat myn dochter yn in oare wrâld grutwurde meie soe? Yn in wrâld dêr't wat mear leafde en oandacht is foar elkoar, en wat minder haat?

As sjoernalist folgje ik it nijs en wat der allegear op de sosjale media foarby komt. En it falt my dan op dat de wrâld soms sa kâld, hurd en kil is. Wie dat werklik oars yn myn jeugd, of hâlden myn âlders it lyk as my allegear noch efkes stil?

As ik op it heden myn sosjale media oanslingerje dan komme der soms berjochten foarby dêr't ik echt fan stean te knipperjen. Dat jongeren in homoseksuele leeftiidsgenoat deaskoppe by it stappen, dat minderjierrige famkes slachtoffer wurde fan prostitúsje en dat dat kin om't der folwoeksen manlju binne dy't dêr gebrûk fan meitsje, dat pubers inoar manipulearje mei yntime foto's dy't se inoar earder tastjoerden. Mar ek dat folwoeksen minsken helpferlieners lestich falle by harren wurk, dat de drugswrâld yn Nederlân hieltyd grouwere foarmen oannimt en dat it bart dat politisy, filmmakkers, advokaten en ferslachjouwers de bek snoerd wurdt troch harren in kûgel troch it liif te jeien.

Op dy mominten freegje ik my ôf: wêr hâldt it op? Hâldt it op? Hoe hâldt it op? En op sokke mominten ferlangje ik dat de wrâld sa simpel en ûnskuldich wie as de kweajongesstreken fan Pietje Bell en syn binde fan de Zwarte Hand. En dat de doarpsagint alles oploste en dat Pietje syn eksuzen meitsje moast fan syn heit en mem.

Ik wit net wêr't it ophâldt. Ik wit ek net oft en hoe't it ophâldt. Want dat binne allegear hiele komplekse prosessen: troch it lytser wurden fan de wrâld troch ynternet en it makliker reizgjen, oant it útklaaien fan de jeugdsoarch en de GGZ of dat Nederlân hieltyd oantrekliker wurdt foar bûtenlânske drugskartels. Yn hoefierre hat it ien mei it oar te krijen?

Op de middelbere skoalle learde ik oer it Nederlânske poldermodel. Dat je der faak wol útkomme kinne troch mei inoar yn fatsoenlik petear te gean en te harkjen nei de oar syn opfettings. Mar fan dat poldermodel, en allyksa dat Nederlân in tolerant lân is, sjoch ik al jierren neat werom. It is op it heden swart of wyt, tsjin of foar, links of rjochts. Is der in punt yn it midden dêr't we inoar miskien treffe kinne? Ik haw it idee dat de minsklike maat poater is. Dat we net mear witte hoe't we mei respekt mei ús omjouwing omgean moatte, mei in oare miening, in oare oertsjûging of in oar syn gefoel.

By sokke yngewikkelde matearje begjin ik faak mar yn it lyts. Dan pak ik myn liifspreuk der wer efkes by: in Afrikaanske siswize dy't yn it Dútsk op de Berlynske muorre stiet: Viele kleine Leute, die an vielen kleinen Orten viele kleine Dinge tun, können das Gesicht der Welt verändern. As elts minsk in lyts bytsje opbringe kin foar in oar en syn omjouwing, in eachje yn it seil hâldt at it mei in oar net goed giet, miskien kinne we dan it gesicht fan de wrâld in bytsje feroarje. Allegear yn de hope dat de folgjende generaasje dan net hoecht te sizzen dat it froeger allegear better wie."

(Advertinsje)
(Advertinsje)