Simmerblog: Simmer yn Riis

21 jul 2021 - 19:56

Omrop Fryslân sil op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Omrop Fryslân yn Riis! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:14
Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Riis. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn Suwâld. Oant dan!

18:13
Dit wie simmer yn Riis
17:42
De teätertún fan Riis

Paden, hagen en hoekjes meitsje de teätertún in hiel smûk plak. Eartiids wie it fan de aadlike famylje Van Swinderen: sy hiene in soad grûn yn besit. "Yn 1990 koene wy harren lêste stikje grûn yn Gaasterlân keapje", seit Van der Wal. Lang ha hjir de iepenloftspullen plakfûn, dy't yn swang kamen yn de jierren '50 . "Hjir wiene opfieringen en der kaam doe fan alles. De kozakken op motors, sirkus, fan alles."

Allinnich de treppen dogge no noch tinken oan de iepenlofstpullen fan eartiids, mar noch hieltiten sjogge jo jo hjir de eagen út. Hjoed-de-dei wurde noch teäter- en muzykeveneminten holden yn de tún. Van der Wal: "It Rysterbosk is myn foartún, de teatertún is ús eftertún."

Froukje Sijtsma slút ôf yn de Teätertún

17:30
Swimme by it Mirnser Klif

By it Mirnserklif genietsje hiel wat minsken fan it waar: efkes in dei lekker swimme of yn de sinne lizze. Ilona is hjir bygelyks mei har freondinnen. Aanst jout sy noch in rûnlieding. In skoftsje lyn kaam Ilona hjir wer te wenjen, nei't sy studearre hie yn Grins. Har freondinnen fine it prachtich, hjir yn Gaasterlân.

Froukje Sijtsma praat mei de swimmers en sinne-oanbidders by it Mirnser Klif

16:20
De fakânsjegongers fan Riis

"Jim komme dochs hjoed wol efkes op de camping?" Hie Erika Schans tsjin ferslachjouwer Froukje Sijtsma sein. Se wennet yn Hardenberg, mar de famylje fan Erika is Frysk. Se kinne it allegear goed ferstean. Boppedat hawwe har bern prachtige nammen: Lobke en Sinne, en ynkoarten komt der noch in bruorke of suske by.

De campinggasten fan Riis - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

By harren stean Sjoukje, Anna, Rinse, Tsjerk en Ymkje: sy sliepe yn in caravan op de camping. It foldocht de bern hjir goed. "Er is een leuke speeltuin", seit ien fan de bern. En wat te tinken fan it swimbad? Of de iisko's? Ja, seit ien fan de bern: mei dit waar giet ek in lekkere Magnum der altiten wol yn.

Op fakânsje yn Riis

15:20
It paradyske fan frou IJntema

Yn de rjochting fan Aldemardum wennet Betty IJntema yn in âlde stjelp út 1881. De âlderwetske stâlen, de fekken foar it hea, it âlde foarhûs: it is noch allegearre yntakt.

No steane sy en ferslachjouwer Froukje Sijtsma ûnder de apelbeam, yn de prachtige tún. It is krekt it paradys. De buorman fan IJntema en har bern helpe mei it ûnderhâld. "En oars skeakelje ik gewoan minsken yn dy't de hagen knippe en de fruitbeammen snoeie", seit frou IJntema.

De toeristen yn Riis soargje foar in gesellige sfear yn it doarp, seit IJntema. Doe't Sybrandys Speelpark noch iepen wie, stiene de auto's by har foar hús. Se mist somtiden de lûden dy't fan it parkearplak kamen. "It wiene bernelûden. Dy sjonge, skrieme of de hawwe wille. Dat is net steurend", seit IJntema. "Ik fûn it altiten hiel gesellich. Dy lûden mis ik wol."

Frou IJntema oer har stjelp en de toeristen yn Riis

13:27
Geeske Wiendels oer Riis Foarút

Geeske Wiendels is al fyftjin jier eigener fan Hotel Jans. "Ik heb het best wel ontdekt voor mezelf. Ik was nog nooit in Gaasterland geweest, tot vijftien jaar geleden", seit Wiendels. No is sy dus sels hoteleigener. "Het is een heel mooi pand, het heeft een oud verhaal."

De foto's oan de muorre yn har hotel fertelle oer de skiednis fan dizze âlde herberch. Jansen wie de earste eigener. Hy hat hjir doetiids de boarterstún delset. "Vroeger gingen mensen niet op vakantie. Je had gewoon een dagje uit per jaar. Je ging op een platte kar met een paard ervoor hiernaartoe", fertelt Wiendels. "Dat stonden ze de hele dag in de speeltuin met limonade. Dat jeugdsentiment voelt iedereen nog."

Geeske Wiendels fan Hotel Jansen oer Riis foarút - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Geeske Wiendels is ek fan Riis Foarút, in gearwurkingsferbân foar hoareka en rekreaasje. "We wilden laten zien dat wij samen Riis zijn."

Dêrfoar hawwe sy bygelyks ynformaasjebuorden by de campings delsetten, dêr't de iepeningstiden fan de hoareka op stean. Boppedat besykje de hotel- en restauranteigeners inoar safolle mooglik te helpen. "Als er hier iemand binnenkomt die een bepaald type kamer zoekt, dan wijs ik ze met alle plezier door naar Hotel Gaasterland, en andersom."

Mienskipsgefoel

Simmerdeis is it drok yn it doarp, mar dat is by 't winter fansels wol oars. Neffens Wiendels is der lykwols in echt mienskipsgefoel yn it doarp. "In de zomer wordt het allemaal meer los zand, dan zie je elkaar wat minder", seit Wiendels. "Maar als ik de buren hier zie, is er wel gelijk een gesprek. Je hebt een praatje, je steekt je hand op. Dat doet iedereen naar elkaar toe. Er is echt wel een eigen karakter in het dorp."

Geeske Wiendels fan Hotel Jans oer Riis Foarút

13:20
Binnensjen yn lânhûs Rijsterbosch
12:44
Gido en Vincent Brouwer sille aansten de camping oernimme

De heit en mem fan Gido (26) en Vincent Brouwer (23) fan camping Rysterbosk. Sy en ferslachjouwer Froukje Sijtsma stean no by de râne fan it swimbad, ek al is de 'see' om de hoeke. De gasten hâlde der wol fan om in dûk yn it swimbad te nimmen, fertelle de bruorren.

Hoe't it no krekt is om grut te wurden op in camping? Gido en Vincent fine it wol gesellich. "Der binne altiten minsken oan de doar." En dy binne altiten fleurich. "Se binne op fakânsje en dan hawwe sy it nei 't sin. "

Gido en Vincent Brouwer fan camping Riis - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Op de camping binne genôch putsjes om te dwaan: it ûnderhâld fan it swimbad, it wurkjen yn de hoareka of it fermeitsjen fan de bern. Harren heit en mem hawwe goed tritich jier dwaande west mei de camping. De bruorren sille it oernimme.

Gido: "We koene tegearre ús wurksumheden goed kombinearje. Hy is fan de boekhâlding, planning, de resepsje en hoareka. Dêr is er foar oplaat. Ik bin leaver bûtendoar en meitsje myn hannen leaver smoarch. Op dy wize binne wy deryn groeid."

De bruorren Guido en Vincent Brouwers

10:43
De skiednis fan de Rysterbosk

Op de eftergrûn fluitsje de fûgels: it binne de grutske bewenners fan de Rysterbosk."Yn it foarjier binne se drokker mei harren territoaria, mar de finkjes hearre jo noch wol", seit boskwachter Jan Schram.

Hy en ferslachjouwer Froukje Sijtsma stean no by de statige Murnserleane út 1676. De aadlike famylje De Wildt út Amsterdam is doe begûn mei de oanlis fan de bosk, dat net grutter is as 170 bunder.

"It is eins mar in postsegeltsje", seit Schram. "Mar troch de fariaasje fan de oanplanting, de gloaiende heuvels en de Iselmar oan de efterkant hat it in prachtige lizzing", seit Schram.

Boskwachter Schram fan It Fryske Gea - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

De bosk fan famylje De Wildt soe earst in tabaksplantaazje wurde, mar al gau die bliken dat dat net koe net om it klimaat, sa fertelt Schram. Sadwaande kaam yn Riis in jachtbosk fan de aadlike famylje, dêr't bygelyks bakkers ek gebrûk fan makken. Foar harren ovens hellen se brânhout út de bosk. Yn 1941 kaam de bosk yn behear fan It Fryske Gea en doe waard it in bestimming foar de rekreaasje. Hjoed-de-dei komme der sa'n 200.000 minsken yn it jier nei de Rysterbosk.

Ek no rinne der in pear minsken mei Nordic Walk-sticks, want, sa as boskwachter Schram seit: "Riis is in trekpleister."

Boskwachter Schram oer de skiednis fan de bosk

10:07
Op de soleks troch Riis

De man fan de soleksferhier is de broer fan Hotze, Anne van der Zee. "It is de ienfâld, it prachtige, hearlike dinkje dat ein fjirtiger jierren útfûn is en dat noch hieltyd superpopulêr is", seit Anne oer de soleks. "In geweldige wize fan ferfier. It dinkje is sunich en foardielich. Wat wolle jo noch mear?"

In goede solekstocht begjint mei in goede start, seit Anne: de benzinetafier moat fansels yn oarder wêze. "Ik lis jimme hiel goed út hoe't it allegearre wurket. Dêrnei starte wy en riede wy fuort. Dan hawwe wy in probleemleas, prachtich ritsje."

Anne van der Zee fan Soleksferhier Riis - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wol graach in rûntsje ride, mar mei de mikrofoan yn de hân wurdt dat in hiele toer. Dêrom hat Anne in sjauffeur foar him regele: se tuffe no op de soleks oer de dyk.

Neffens Anne kin elkenien by harren terjochte foar moaie rûten. Van der Zee ferhiert ek slûpen, lilke einen en scooters. " Foar elk ding hawwe wy in eigen rûte. Minsken kinne derút kieze en dat giet altiten probleemleas. Se binne noch nea yn de Luts riden."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de soleks troch Riis

10:28
Toerisme sûnt de midsiuwen

Minke Hiemstra fertelt dat it toerisme yn Riis al begûn yn de lette midsiuwen. Yn de tún dy't by it eardere slot hearde, wie doe in beafeartsoarde.

9:30
De rike skiednis fan Riis

Hotze van der Zee wennet syn hiele libben al yn Riis. Yn it boubedriuw dat er hat - ôfrûne moanne bestie it 80 jier - siket ferslachjouwer Willem Vermeltfoort him op. "Us pake is hjirmei begûn, út Murns wei. Wy sitte no santich jier op dit plak." Op it terrein stie eartiids in âld stienfabryk. "Ik bin hjir berne op dit plak. Ik haw tsien jier ferlyn in eintsje fierderop in hús boud, en no bin ik fan 2002 ôf werom", fertelt Hotze. "Ik haw noait fierder as 300 meter fan hús west."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Oan de iene kant hawwe wy de romte, oan de oare kant de bosk", seit Hotze oer it doarp dêr't er al dy tiid bleaun is te wenjen. De lizzing makket it doarp bysûnder. "Oan de oare kant sjochst de Iselmar. Wy neame it de see. Riis leit op de grins fan de bosk en de romte en flakby see."

De 'dikke stiennen'

Boppedat hat it doarp in tal karakteristike gebouwen: 'de dikke stiennen', sa neame de ynwenners dizze grutte huzen. Hotze: "Villa Moai Gaasterlân, Hotel Riisterbosk, Hotel Jans: it is in moaie leane. Wy hawwe gjin grutte musea, mar it wennet hjir goed."

Sybrandys Fûgeltsjepark is hjoed-de-dei net mear iepen, mar it park hat noch altiten namme. Boppedat wiene de útgeansgelegenheden eartiids grut. "By de âldere minsken is Riis wol bekend as útgeansplak, sa as mei pinkstermoandei. Der wie iepenloftteäter en in hiel soad lanlike artysten fan doe kamen nei RIis. Eartiids wie it hjir te rêden."

Hotze van der Zee oer de skiednis fan Riis

7:00
Wolkom yn Riis!

Goeiemoarn! It is de twadde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne wy yn Riis.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Tiisdei wiene wy yn Akkrum en Nes. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

Trefwurden: 
Riis Simmer yn Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)