Pierre Wind makket iten mei bern fan sylskoalle

"Hallo allemaal!" Pierre Wind is net te missen. Syn stim daveret oer alles hinne. Dat is ek wol nedich, want de topkok moat 100 bern berikke dy't oeral om him hinne yn sylboaten wachtsje op ynstruksje.
Sa gie it op it wetter
It is grif in rekôr, tinke se by sylskoalle en wettersportsintrum 't Garijp yn Goaiïngaryp. Want wa is no sa gek om mei hûndert bern yn boatsjes op it wetter in miel ta te rieden?
"We zaten deze winter wat te brainstormen", seit Vincent de Heer fan de sylskoalle. "We hebben Pierre hier al twee keer eerder gehad en dat is altijd leuk. Want de kinderen leer je ook wat over eten."

Pierre op in ponton

Sa kaam it idee om him dan mar op in ponton te setten midden op de mar. "Ouders maken zich altijd wel zorgen over het eten. Met de hulp van Pierre kunnen we daar een positieve draai aan geven door hem een menu te laten bedenken. Dat houden we dan ook op de kaart."
Sa makkest in flinter út in tomaat
Mar ja, dat moat dan al op it wetter. Wylst de wyn oanwakkeret, wurdt Wind entûsjaster. "We doen eerst de smaak-eed! Zeg mij allemaal na: Ik beloof aan mijzelf, dat ik nooit meer zal zeggen 'ik lust het niet' zonder eerst geproefd te hebben."

In flinter út in tomaat

De opdracht dy't de bern krije is op it lân net sa dreech. Mar sy dogge it yn in boatsje, dat flink op in del giet.
De bern moatte in flinter snije út in tomaat, in sjalotsje skjinmeitsje, en dat bestruie mei sitroen, poeiersûker, oalje en dille. Dat is it foargerjocht.
Iten siede op it wetter © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Foar it neigesetsje wurdt ferwachte dat se in stik út in apel helje.
"Moet je kijken joh!", ropt Wind. Dat doen ze echt goed. Dit is echt niet makkelijk." De ien nei de oar lit de moaiste flinter sjen.
"Dit is hartstikke leuk om te doen", seit in famke dat op de trampoline fan fan in katamaran drok dwaande is mei snijen. "Maar makkelijk is het niet."
Der is benammen in soad wille by de bern. En: "Mogen we al eten Pierre?"
© Omrop Fryslan
Om't de wyn dochs wat hurder waait as ferwachte, moat it programma ynkoarte wurde. Wind ferhuzet nei in oar ponton om dêr it haadgerjocht te servearjen: in stoofpotsje. "Ja, leuk, hé. Deze boot is dus nu de 'stoofboot', seit Wind.

"Stoofboot"

Yn optocht komme de sylboaten del en krije se in grutte bak iten, toast mei it logo fan de sylskoalle en in ytbere strik.
"Weet je wat het geheime ingrediënt is? Proef je het?" freget Wind. "Nee? Nou, dat is Fanta. Dat geeft een zoetje. Lekker, joh!" De bern binne it dêrmei iens. Sy falle oan en yn in koart skoft is Wind ta oan syn tredde grutte panne mei stoof.

Tiramisu mei apel

It neigesetsje meitsje de bern wer sels. It snijwurk is dien op de mar, mar om't it dochs wat te mâl gie, binne se weromtôge nei de sylskoalle.
Mei mascarpone, lange fingers, poeiersûker en in apel meitsje de bern in smaaklik gerjocht.
Wind is ûnder de yndruk. "Ja, ze hebben gewoon resultaat. De ene is wat mooier dan de andere, maar het lukt gewoon. Het zijn simpele smaken, makkelijk gecombineerd. Dat smaakt gewoon altijd goed. Lekker ite!"
Wind hat wat muoite mei de namme fan it wetter: Goaiïngarypster Puollen