Zonderland hie 'al moannen' lêst fan klachten: "Ik hoopje dat ik it nivo noch helje kin"

21 jul 2021 - 09:50

Epke Zonderland hopet de kommende dagen it iten yn Japan goed te fertarren. Sneon besiket er foar de fjirde kear de finale oan de rekstôk te berikken, op de Olympyske Spelen.

Foto: ANP

Krekt as by Rio yn 2016 is de oanrin behoarlik fersteurd. Doe wie in oanhâldende ferkâldheid mei ferstopte holtes de oanlieding. Dit jier binne der klachten bykaam oan de mage en de terms. "Ik kin noch net genôch ite om goed te trainen", sei Zonderland nei de poadiumtraining.

De fysike problemen wiene twa wiken lyn noch oanlieding foar Zonderland om alle ferwachtingen foar nij súkses yn Tokio fuort te nimmen. De olympysk kampioen fan 2012 sei flak foardat er nei Japan gie, dat it in wûnder wêze soe as er de finale helje soe.

'Lichem net supersterk'

De poadiumtraining oertsjûge ek net bot. "De fysike problemen binne der noch wol. Mar it ferskil is dat yn de earste dagen yn Japan in moaie opbou meitsje koe, en dat ik alle eleminten dwaan koe dy't ik woe."

Mar it plan om by de training in heale oefening te dwaan, is sneuvele. "De enerzjy luts fuort. Ik ha de training benammen brûkt om de stôk te 'fielen'. Myn lichem wie net supersterk, mar de timing kloppe. Dat jout wol fertrouwen."

Adrenaline

Mei help fan de adrenaline dy't by in wedstriid heart, hopet Zonderland sneon in oefening te turnjen dy't him de kâns jout by de bêste acht te einigjen. Dan komt er yn de finale.

"Sa as ik my hjoed fiel, soe dat net kinne", sei Zonderland. "It wie wat te sloom."

De klachten binne net nij, Zonderland hat der al moannen lêst fan. "Nee, dat hie ik earder net ferteld. Dan tinke minsken dochs: 'dêr hast him wer!'"

Zonderland (35) hie him it ôfskied as topsporter oars foarsteld, mar hy laket der net minder om. "Ik bin bliid dat ik hjir bin, dat ik dit nochris belibje. Ik genietsje fan de relative frijheid yn it Olympysk doarp. No hoopje ik mar dat ik it nivo noch helje kin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)