Plysje pakt fertochte nei ynsidint yn Drachten

20 jul 2021 - 20:39

De plysje wie mei in soad mankrêft op 'en paad yn de omkriten fan it Van Haersmapark yn Drachten. Dat barde nei't der in auto yn in foartún oan de Grietmansrecht bedarre. De bestjoerder en de oare ynsitter naaiden út. De plysje hat in sykaksje opset yn de omjouwing, dêrby is ien fertochte oanholden.

Foto: ProNews

Ien fertochte is oanholden, mar de oare noch net. Wa't wat sjoen hat, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

It is net folslein dúdlik wat der krekt bard is. Der waard wol in burgernet-oprop dien. Plysjeminsken wiene mei kûgelkearende festen en plysjehûnen yn de omkriten fan de Stationsweg en de Torenstraat. Dat wie neffens de plysje foar de eigen feiligens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)