It Amelân teistere troch grutte stjonkbulten op it strân

20 jul 2021 - 20:14

Grutte stjonkbulten teisterje it strân fan It Amelân. It giet om it 'harig mosdiertje,' dat yntusken in flink part fan it strân ferôvere hat. Der komme in soad toeristen, mar it 'harig mosdiertje' liket út himsels noch net fuort te gean. Der is in oannimmer ynskeakele om mei masinen de stjonkende bulten ôf te fieren.

Hûnderten meters strân besiedde mei stjonkende massa

"Wij zijn vorige week ingeschakeld om met shovels, kranen en dumpers de badstranden leeg te maken. In ieder geval eerst de badstranden, in verband met de veiligheid. Het is nu verder aan de instanties om te kijken wat ze er mee moeten en kunnen", fertelt oannimmer Gerjan Spoelstra.

Wethâlder Theo Faber fan AmelTan kaam tiisdei efkes sjen by de bulten, om te sjen wat de gemeente mei de situaasje moat. "It stjonkt as in murd," seit in rekreant. Spoelstra ferwachtet noch wol dagen dwaande te wêzen mei it opromjen.

Mei de hoemannichten dy't yn 't earstoan op it strân bedarren, foel de stank noch mei. "Maar met de hoeveelheden die der inmiddels liggen niet. Het stinkt, het stinkt echt heel erg", sa seit Spoelstra.

Ferpleatse

Fan woansdei ôf wurde de 'harig mosdiertjes', yntusken sa'n 10.000 kúb, op bulten skood en ferpleatst nei stikken strân dêr't it drûch is en se minder stank feroarsaakje.

De 'mosdiertjes' spiele ek op oare plakken by de Nederlânske en Belgyske kust oan. In ferklearring is der noch net foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)