Hockeyklup Snits fjochtet komst nije supermerk oan by Ried fan Steat

Stichting Tinga en de Sneeker Mixed Hockey Club besykje de komst fan in nije Jumbo-supermerk yn Snits te kearen by de Ried fan Steat. Dy supermerk moat komme op de hoek Lemmerweg-Koningsspil en de winkel moat de hjoeddeiske lytsere winkel oan de Molenkrite ferfange.
© Google Street View
Stichting Tinga set him yn foar de sportakkommodaasjes foar it hockey en tennis. De hockeyklup wol de supermerk net op dat plak hawwe, want sy wolle graach in tredde hockeyfjild by it sportpark. Mar neffens gemeente Súdwest-Fryslân is dat net helber.
De gemeente fynt dat de nije supermerk in ferbettering foar de ferkearsfeiligens wêze soe. Sa hoege frachtweinen net mear de wyk yn.
De Ried fan Steat docht oer trije wiken útspraak oer de saak.