Grutte ferrassing foar Ljouwerter: nei goed 77 jier eigen sparpot fûn

20 jul 2021 - 18:53

De 77-jierrige Jes Wassenaar fan Ljouwert wist net wat him ferline wike oerkaam. Ut hannen fan syn bern krige hy in wol hiel bysûnder en persoanlik kado: in stiennen baarch as sparpot út 1943 mei syn namme, bertedatum en berteplak derop. Wassenaar sels hat fan de sparpot nea ôfwitten.

Wassenaar wist net wat er seach

It wie in freon fan Wassenaar syn skoansoan dy't op De Lemmer op in rommelmerk oan it sneupen wie, fertelt er. "Hij zag dit spaarvarkentje staan en dacht: hé, Wassenaar, die naam komt mij bekend voor. Na even bellen heeft hij het aangeschaft en meegenomen. Zo is het vanuit de rommelmarkt in Lemmer in Leeuwarden terechtgekomen."

"Ik wist niet wat ik zag"

It kado wie in grutte ferrassing foar Wassenaar. "Ik denk: wat is dit? Ik wist niet wat ik zag. Het heeft dat heel specifieke kerfsneewerk in aardewerk. En het meest aparte: mijn naam, geboortedatum en geboorteplaats. Zij het dat er in mijn naam een foutje geslopen is. Officieel heet ik Jetze Jan, maar hier staat Jetse met een S. Begrijpelijk, want dat komt ook veel voor in Fryslân."

De stiennen sparpotbaarch fan Wassenaar - Foto: Lennard Geerts

Fan it bestean fan de sparpot hat Wassenaar him nea bewust west. "Het moet op mij slaan, het kan bijna niets anders. Je maakt mij niet wijs dat er op diezelfde datum in Sneek iemand geboren is met dezelfde datum. Het zal voor mij zijn bedoeld, maar ik heb mijn ouders er nooit over gehoord. Het blijft een raadsel waar dit al die 77 jaar geweest is."

Jetze Wassenaar oer de persoanlike fynst

Wassenaar sit dan ek mei in soad fragen. "Wie heeft dit laten maken? Waarom is het gemaakt? Was het een traditioneel geboortegeschenk? Is het nooit gegeven vanwege de spelfout? Het is een raadsel. Het zou wel leuk zijn als er iemand zou zijn die hier meer van weet. De maker zal er niet meer zijn, maar het zou wel leuk zijn als hier een reactie op kwam." Dêrom hat Wassenaar in opropke pleatst op sosjale media, yn de hoop dat der ien is dy't der noch wat fan wit.

De sparpot-'baarch - Foto: Lennard Geerts
Trefwurden: 
Ljouwert Snits sparpot
(Advertinsje)
(Advertinsje)