Ofslútdyk kommende twa wykeinen yn de nacht ticht fanwege wurksumheden

20 jul 2021 - 18:04

De kommende twa wykeinen is de Ofslútdyk op freed- en sneontejûn nachts yn beide rjochtingen ticht foar ferkear. It jildt dus 23-24 en 30-31 july, tusken 22.00 oere en 08.00 oere. It sluten hat te krijen mei it ferpleatsen sântransportbân, dy't nedich is foar it sterker meitsjen fan de dyk.

De Ofslútdyk op jûntiid - Foto: Shutterstock.com (Eric Gevaert)

De transportbân makket it mooglik om oer de fangrails, flechtstripen en rydbanen hinne sân fan de Iselmar nei de Waadseekant te bringen. Sa hoege der gjin frachtweinen of skippen mei sân hinne.

Yn ferbân mei de feiligens foar de weibrûkers en boumeiwurkers is it nedich om de dyk efkes sletten te hâlden. Oft de Ofslútdyk echt nachts ticht is, hinget noch wol ôf fan de wyn. Want as it te hurd waait, kinne de wurksumheden net feilich dien wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)