Veiligheidsregio en FUMO wurkje tenei mear gear foar brânfeiligens

20 jul 2021 - 17:38

De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) en Veiligheidsregio Fryslân wurkje tenei mear gear op it mêd fan brânfeiligens. Der is in konvenant tekene dêr't ôfspraken yn makke binne oer eksterne feiligens en brânfeiligens fan bedriuwen ûnder de provinsje.

Foto: Shutterstock.com (A_stockphoto)

De organisaasjes dogge dit om brânfeiligens yn de provinsje op in akseptabel nivo hâlde te kinnen. Sa sil de FUMO it tafersjocht op bedriuwen tenei yn gearwurking mei de brânwacht dwaan. Der sil geregeld kontrolearre wurde en foarljochting jûn wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)