Mei Groengrijs-bus kinne minsken mei lytse beurs ék in moaie dei fuort

20 jul 2021 - 17:19

Foar de measten fan ús is der wer hieltyd mear mooglik. Pretparken, bistetunen, campings en restaurants binne bygelyks wer 'gewoan' iepen. Mar der bliuwt in groep dy't ek dêr net hinne kin, om't de beurs bygelyks te lyts is. Dêr moat de Groengrijs-bus feroaring yn bringe.

De Groengrijs-bus rydt minsken nei in moaie dei:

De bus is nei ús provinsje helle troch GGZ Friesland, nei't it idee foaral yn Amsterdam al in oantal jierren in sukses is.

"Iedereen knapt op van het zien van iets anders dan je eigen kleine omgeving. Voor veel mensen is het vanzelfsprekend dat ze soms op vakantie kunnen of er een dag op uit kunnen, maar voor veel anderen is dat helaas niet zo. Wij vinden dat iedereen daarin moet kunnen delen", fertelt Paul David Meesters.

Hy is psychiater by GGZ Friesland en hat him hurd makke om ek sa'n Groengrijs-bus nei Fryslân te krijen.

Frijwilligers

De bus, mei de namme 'Jan', rydt dizze simmer nei Teksel, Walibi World, AquaZoo yn Ljouwert en de Orchideeënhoeve. Der binne trije frijwilligers dy't as sjauffeur nei de plakken ta ride. Ien derfan is Willem Overwijk. "Ik fyn it moai om minsken wat helpe te kinnen. Ik gie krekt mei pensjoen en haw altyd yn in frachtwein riden. Sa kin ik ek moai ôfkicke fan dy frachtwein."

Alle kearen wer bliid

Tiisdeitemoarn is de bus út Snits wei nei Teksel riden. Alle kearen dat Meesters de bus sjocht, wurdt er der wer bliid fan: "Het is prachtig dat we de bus hebben. Ik ben een aantal keren mee geweest. Het is bijzonder om te zien hoe enthousiast mensen instappen en nog bijzonderder hoe enthousiast, en een beetje vermoeid, de mensen allemaal weer de bus uitkomen. Het geeft altijd een goed gevoel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)