Slachtlammen dit Offerfeest wat djoerder: skieppehâlder leit út wêrom

20 jul 2021 - 17:02

It is de hiele wike Offerfeest, ien fan de wichtigste islamityske feesten fan it jier. Foar in part fan de moslims heart dêr ek it offerjen fan in laam by, mar de konsuminten binne dit jier wol wat djoerder út om't der in tekoart oan slachtlammen is.

Foto: ANP

Moslims betinke mei it Offerfeest dan dat de profeet Ibrahim ree wie syn soan te offerjen, mar dat lang om let dochs net hoechde te dwaan: yn stee dêrfan offere hy in laam wêrfan't it fleis dield waard mei de earmen. Noch altyd spilet it offerlaam in wichtige rol by it Offerfeest, al bin der ek hieltyd mear moslims dy't it jild foar in laam oan in goed doel jouwe.

Andries Kingma is ûnder mear skieppehâlder en hat sa'n 2.500 fokskiep. Hy leit út dat it djoerder wêzen dan de lammen mei ferskate oarsaken te krijen hat.

Skieppehâlders

Sa binne der hieltyd minder skieppehâlders yn Nederlân en dus ek minder skiep. "As der mear krapte is, giet de priis omheech. En om't Ingelân út de Europeeske Uny stap is, ûntstiene der ek problemen mei ymport en eksport. Der komme wat minder op de merk en dat betsjut dat de lammen dit jier in pear tientsjes djoerder binne as yn oare jierren," seit Kingma.

De measte skieppehâlders stappe der út om't sy al op leeftiid binne. "Der komt net in soad by, want it is in leechrendearjende sektor. Dêr komt by dat der in soad konkurrinsje is fan de ikkerbou en melkfeehâlderij, der is krapte oan grûn."

Seleksje

Ek mar in lyts part fan de lammen komt yn oanmerking as offerlaam. Kingma: "Sy sykje in bokje mei de bêste kwaliteiten en in heech gewicht. In skiep kin mar ien kear lamje yn it jier, dus de produksje is ek mar beheind. Yn trochsneed hawwe sy sa'n 1,5 oant 2 it jier. It Offerfeest skoot alle jierren trije wiken nei foarren. De measte lammen wurde yn febrewaris-maart berne. De minimale leeftiid is trije moannen, dus de perioade is eins te koart om de lammen op gewicht te krijen. Dus der moat in soad ekstra foer ynset wurde, dêr komme ek wer ekstra kosten wei."

Slachtkosten

Dochs komt mear as de helte fan de kosten by it slachtsjen sels wei. "Moandei en tiisdei moatte sa'n 50.000 lammen slachte wurde. De gewoane kapasiteit is 8.000 lammen de wike, dus foar dizze twa dagen moatte ekstra slachterijen ynrjochte wurde moatte. It tafersjoch is hiel strang, ek om't it om ritueel slachtsjen giet. De NVWA is der permanint by, dat kostet ek in soad jild."

De slachtlammen bringe lykwols net mear op as de reguliere merkpriis. "Schapengeld is snel geteld," sa beslút Kingma.

Skieppehâlder Andries Kingma

(Advertinsje)
(Advertinsje)