Is it nije Cambuurstadion wol of net op tiid klear: partijen ûniens by rjochter

20 jul 2021 - 19:29

It nije Cambuurstadion soe oan de ein fan takom jier klear wêze moatte, sizze de âlde en nije projektûntwikkelder. Dat die bliken út in koart pleit by de rjochtbank yn Ljouwert. De âlde projektûntwikkelder, de Stadionontwikkeling Cambuur BV (SOC), easke dat it WTC de grûn foar de bou fan it stadion neffens ôfspraak oerdraacht.

Geharrewar om Cambuurgrûn:

Yn de kontrakten stiet dat de SOC, in gearwurking fan ûntwikkelder Wyckerveste en bougroep Dijkstra Draisma, de grûn by it WTC oernimme koe, ûnder betingst dat it stadion der binnen trije jier stiet. Om't dat net mear mooglik liket wol it WTC de grûn net leverje.

Planning ûnwis

WTC Facility leaut net dat der op tiid in stadion stiet. It soe in gaos wêze, der is neffens de advokaat mear wissichheid nedich foar kontinuïteit fan de plannen. In omjouwingsfergunning is noch net oanfrege. WTC Facility fynt dat der gjin deeglike planning is.

Boete easke

De SOC giet der lykwols noch altyd fan út dat it stadion der yn septimber 2022 stiet. De nije ûntwikkelder Van Wijnen jout oan dat it noch altyd it doel is dat der yn 2022 fuotballe wurde kin. Van Wijnen wol him earst rjochtsje op it fuotbalpart en seit dwaande te wêzen mei de lêste tariedingen foar it yntsjinjen fan in fergunning.

De SOC is net mear de ûntwikkelder, mar hat noch altyd rjocht op de grûn. De SOC easket in boete fan 10.000 euro de dei, salang't it WTC him net oan it kontrakt hâldt.

Uterlik nije wike woansdei docht de rjochter útspraak. As dy yn it foardiel fan de SOC is, giet in dei letter de boete yn.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma

It Cambuurstadion hjoed-de-dei - Foto: ANP
(Advertinsje)
(Advertinsje)