RIVM: 170 nije coronabesmettingen yn Fryslân

20 jul 2021 - 15:22

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 170 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 94 minder as moandei, doe gie it om 264 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen sa'n 228 besmettingen meld. Moandei lei dat trochsneed op 235, in wike lyn op 169.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 27. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 23 en De Fryske Marren mei 21.

Gjin nije stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije minsken opnaam yn it sikehûs, as gefolch fan it coronafirus.

Njoggen Friezen yn de sikehuzen

Yn de Fryske sikehuzen lizze op dit stuit noch njoggen coronapasjinten. Ien fan harren leit op de intensive care. It tal coronapasjinten yn it noarden rint wol fierder op, meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Yn Grins lizze 14 minsken yn it sikehûs mei it firus en yn Drinte ien. Lanlik sjoen rint it tal coronapasjinten yn sikehuzen ek wer op.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 6.823 nije coronagefallen registrearre. It deistige trochsneed yn Nederlân wie de ôfrûne wike 9.961.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)