Slûsdoarren Sas-brêge Harns binne werom fan grutte beurt

De slûsdoarrren fan de Sas-brêge yn Harns binne tiisdeitemoarn opnij pleatst. Wetterskip Fryslân hat de doarrren himmele, opknapt en reparearre. De 20 jier âlde doarren kinne sa yn elts gefal ek de kommende 20 jier wer mei.
De Harnzer slûsdoarren binne werom:
It is net neat om twa grutte doarren fan elk 40.000 kilo op it goeie plak te krijen. Mar it is Wetterskip Fryslân slagge. Ido Boonstra is projektlieder. Hy fynt it in bysûnder gesicht, "De doarren binne mear as 20 jier âld en wiene oan in opknapbeurt ta. No kinne sy hooplik wer 20 jier mei, dus sa faak sille je soks net meimeitsje.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Mei in grutte kraan wurde de doarren fia it wetter nei it goeie plak brocht. De slûs en de doarren moatte der foar soargje dat it wetter net Harns yn rint. "As dizze doarren der net yn sieten dan soe it wetter mei in hege wetterstân sa Harns en Fryslân binnen streame. Dat wolle je fansels net", seit Boonstra. It projekt hat yn totaal sa'n acht ton koste.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers