Plannen biofergister Koatstertille fan tafel: Stertil keapet grûn

20 jul 2021 - 14:35

Der komt definityf gjin biofergister by Koatstertille. Mear as tsien jier lang wie dat it plan, mar de grûn is no kocht troch it Tilster bedriuw Stertil. Dy wolle de grûn brûke om yn de takomst mooglik út te wreidzjen.

It gebou fan Stertil yn Koatstertille - Foto: Omrop Fryslân

Stertil sit al jierren oan de Westkern yn Koatstertille, dêr't de biofergister ek komme soe. It bedriuw makket dêr ûnder oare hefbrêgen.

De gemeente Achtkarspelen is bliid dat Stertil de grûn kocht hat en dat dêrmei mear wurkgelegenheid ûntstiet op dat plak. "Eindelijk kan het dossier biovergister gesloten worden", seit wethâlder Jouke Spoelstra.

Benaud foar oerlêst

Der wie in soad te dwaan oer de plannen foar de biofergister: omwenners wienen benaud foar oerlêst en seagen leaver dat de fergister fierder fan it doarp ôf komt te lizzen.

Yn 2010 wie in fergunning ferliend om in biofergister op de Westkern te bouwen. Achtkarspelen prate sûnt 2013 mei Universal Energy Solutions (UES) en hat it perseel yn 2018 ferkocht oan in dochterbedriuw fan UES, Groengas Westkern Beheer. In betingst wie dat it projekt yn maaie 2020 klear wêze moast.

Weromkeapproseduere hoecht net mear

De lêste jierren soe de bou fan de biofergister ferskate kearen begjinne, mar dat kaam der nea fan. De gemeente ferskode de deadline nei 1 novimber 2020, mar dat slagge ek net.

Yn desimber ferline jier is de gemeente begûn mei in weromkeapproseduere, mar no hat it memmebedriuw fan Stertil de grûn oerkocht fan Groengas. Doe is de weromkeapproseduere ek stillein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)