Bistedokters warskôgje: deadlike kattesykte hearsket yn Harns en omkriten

20 jul 2021 - 13:49

Kattebesitters yn Harns en omkriten moatte har húsdieren safolle mooglik yn 'e hûs hâlde. De diere-ambulânse en bistedokterpraktiken warskôgje foar in deadlike kattesykte, dy't al foar slachtoffers soarge hat.

Der is in deadlike kattesykte by Harns:

It is in grutte útbraak, tinkt Andrea Brouwer fan bistedokterspraktyk de Vrolijke Viervoeter yn Hjerbeam. "Er zijn berichten van meerdere overleden katten. Bij onze praktijk hebben we twee katten gediagnosticeerd met de ziekte, maar er zijn veel katten met dezelfde verschijnselen. We denken dat de uitbraak zeer groot is in Harlingen en omgeving."

De sykte kin 'm ferspriede fia de ûntlêsting, seit Brouwer. "Als katten in aanraking komen met ontlasting van andere katten, dan kunnen ze ziek worden. Het kan ook worden overgedragen via mensen of honden. Die worden er zelf trouwens niet ziek van."

Gjin grutte kâns om te oerlibjen

Der binne aardich wat symptomen: "Speekselen, braken, diarree, niet willen eten of drinken en hoge koorts." Brouwer fertelt dat se de sike katten wol behannelje kinne, mar dat de kâns net grut is dat se oerlibje.

Foto: Shutterstock / RiddleTom

Faksinearjen helpt

Se ha it der drok mei op de praktyk. "We hebben al een aantal zieke katten, dat is heel druk. En we zijn nu een vaccinatiecampagne aan het opzetten." Dat kin helpe: as in kat koarter as trije jier lyn faksinearre is tsjin de sykte, is de kâns folle lytser dat se siik wurde.

Dan noch moatte se earst wol yn 'e hûs bliuwe. "Minstens nog twee weken na de vaccinatie", seit Brouwer. As katten net faksinearre binne, dan moatte baaskes sa gau as mooglik kontakt sykje mei de bistedokter.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by it ynintsjen fan katten

Trefwurden: 
Harns katten sykte kattesykte
(Advertinsje)
(Advertinsje)