Folkertsma nei lange refalidaasje op Olympyske Spelen: "In moaie beleanning"

De iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spelen is pas freed, mar fuotbalster Sisca Folkertsma fan Sleat spilet woansdei al har earste wedstriid yn Japan. Dêrmei makket it Nederlânske frouljusalvetal syn debút op de Olympyske Spelen.
Sisca Folkertsma dûkte it argyf mei Sherida Spitse, noch foardat dy lêste blessearre rekke en de Spelen miste:
Dat Folkertsma mei de Oranje-seleksje fan 18 spylsters op de Spelen stiet, is foar har al in oerwinning. De 24-jierrige fuotbalster rekke yn maart 2019 slim blessearre oan de knibbel. Nei in lang werstel kaam sy pas yn septimber 2020 werom by Oranje.

Fitheid

"Ik haw der safolle foar dien. Dan is dit wol in moaie beleanning", seit Folkertsma. "Ik bin sels fitter weromkaam as dat ik wie." Dy fitheid is ek yn it bûtenlân opfallen, want Folkertsma makke krekt foar de Spelen in transfer fan FC Twente nei Girondins de Bordeaux.
© Omrop Fryslân
Om goud te winnen moat Oranje earst de pûl trochkomme. Dêrfoar moatte se as earste of twadde einigje, of by de bêste nûmers trije sitte. Yn de pûl treffe de Liuwinnen Sina, Brazilië en Sambia.
Benammen dat lêste lân is in grutte ûnbekende. "Ik moat hiel earlik sizze dat ik dêr noch net hielfolle fan wit. We sille nei alle gedachten noch wol bylden sjen. Fan dêrút kinne wy sjen hoe't sy spylje", jout Folkertsma earlik ta.

Spitse falt út

Folkertsma soe net de iennige Friezinne yn de seleksje wêze. Sherida Spitse, rekôrynternasjonal fan Oranje, wie ek yn Japan om har ta te rieden op de Spelen. Moandei rekke se op de training blessearre oan de knibbel. Dêrtroch leit se wiken út de rûlaasje en moat se de Spelen oan har foarby gean litte.

Wannear komme de fuotbalsters yn aksje?