Oprop NHL Stenden smyt mear as hûndert nije dosinten op

20 jul 2021 - 11:11

123 dosinten begjinne nei de simmerfakânsje op NHL Stenden. De hegeskoalle socht hûndert nije kollega's. Op in oprop foar nije dosinten krige de skoalle mear as 1700 reaksjes.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

NHL Stenden socht de dosinten foar ferskate funksjes. De grutte fakatuerekampanje smiet hûnderten reaksjes op. "De aanmeldingen lopen uiteen van collega's die op dit moment al werkzaam zijn in het onderwijs tot professionals uit de praktijk die in september voor het eerst colleges geven", seit Sanne Martens, teamlieder HR Advies op de skoalle.

Nei de simmer fierder

De skoalle siket nei de simmer fierder, om't nettsjinsteande alle reaksjes noch hieltiten minsken socht wurde foar spesifike funksjes. Ek set de skoalle nei de simmer útein mei in ynternasjonale fakatuerekampanje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)