Jonge brúnfisk spielt oan op It Amelân en oerlibbet net

In brûnfisk dy't moandei yn libben fûn is op it strân fan It Amelân, is stoarn, nettsjinsteande help fan de finers.
De brúnfisk op It Amelân © RTZ & Dierenambulance Ameland
De biste-ambulânse fan it eilân en Stichting SOS Dolfijn krigen direkt melding, nei't minsken op it strân de brûnfisk fûn hienen. Dy finers ha noch besocht om it bist te helpen, troch it wiet te hâlden yn de brâning. Dat holp net mear.
De brúnfisk wie noch in kealtsje. Dat is oerbrocht nei de fêste wâl en wurdt letter oan de fakulteit Dierengeneeskunde fan de universiteit fan Utrecht ûndersocht. Dat moat dúdlik meitsje wêrom't it bist oanspield is.