Simmerblog: Simmer yn Akkrum en Nes

20 jul 2021 - 17:58

Omrop Fryslân sil op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Omrop Fryslân yn Akkrum en Nes! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:57
Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Akkrum en Nes. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn Riis. Oant dan!

17:56
Dit wie Simmer yn Akkrum en Nes
17:28
Op it terras by Hotel Restaurant Goerres

De dei wurdt ôfsletten op it terras by Hotel Restaurant Goerres. Margaretha Wierda krige ferline jier febrewaris de kaaien fan it hotel. Nei wat ferbouwen koe it hotel iepen. "Op 28 febrewaris koene wy iepen, doe koene wy los. Mar net foar lang." Twa wiken letter berikte corona ús lân en moast de hiele hoarekasektor ticht.

It hat efkes dreech west, mar Margaretha sjocht leaver nei de takomst. "Wy hiene ús mindere dagen, mar wy binne wer iepen, wy hawwe gasten om ús hinne, dêr wurde we bliid fan. Wy sizze: kop derfoar en foarút." Aize Wijnstra fan it doarpsbelang is wiis mei Wierda: "Fansels, hartstikke moai dat der wat libben is, wat nije gesichten."

Margaretha Wierda en Aize Wijnstra oer Goerres

16:50
Fakânsjesfear yn de haven fan Akkrum
Maartje Verhagen en Jelmer Dijkstra en Liene, Rinse en Sebe - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Jelmer Dijkstra ferhuze op syn sechstjinde út Akkrum nei Skylge om de seefeartskoalle te dwaan. Hy woe de wrâld bereizgje en hat dat ek jierrenlang dien. Uteinlik bedarre der wer yn 'e haven fan Akkrum en is dêr begûn mei it ferhieren fan boatsjes. Hy is ûnderwilens mei-eigener fan jachthaven en camping de Drijfveer.

Maartje komt oarspronklik fan Brabân. Doe't sy ris nei Akkrum kaam om te boatsjefarren, moete se Jelmer. Yntusken binne se alwer alve jier tegearre en hawwe se trije bern, tegearre hawwe se ek noch restaurant De Koken. Hoewol't de bern fakânsje hawwe, hâldt it wurk foar heit en mem net samar op: "Het is heel hard werken, maar tussendoor is het ook vakantie. Zodra we de haven uitvaren is het ook meteen vakantie, want we zijn gek op het water hier in Fryslân. Je hoeft maar tien minuten te varen en je bent in een paradijs."

Fakânsjesfear yn de haven fan Akkrum

16:17
Keunstrûte troch Akkrum
Melle Sevinga - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Melle Sevinga, artystenamme 'Mello', fertelt oer de keunstrûte 2021 yn Akkrum. De rûte rint troch it doarp en is likernôch fjouwer kilometer lang. Mei wite fuotsjes is in rûte by tsientallen keunstwurken del útstippele. "Mei fjirtich doeken hawwe wy dat dien, troch it hiele doarp hinne. By it stasjon hjir hingje twa, fierderop de tredde en sa giet dat dan fierder."

Op de rûte is allegearre nije keunst te sjen. "Wy freegje minsken rûn de jierwiksel om harren op te jaan, en dan kinne se wat ynstjoere. Dêr meitsje wy dan in kar út, mei in beoardielingskommisje fan profesjonele keunstners. Sa komme wy ta in hiele moaie rûte."

It tema is elk jier oars, dit jier wie it tema 'Ferbining'. "Dat hat ek te krijen mei it coronajier, en de minsken hawwe dat allegearre hiel moai ynfolle, allegearre op harren eigen wize."

Melle Sevinga oer de keunstrûte 2021

15:44
Nijsgjirrich buordsje by de famylje Vaartjes

It buordsje stiet by de famylje Vaartjes yn de finsterbank. Geert Vaartjes fynt it buordsje wol moai sa. "Ik bin it ek wol iens mei wat dêr stiet. Wat moat ik der noch oer sizze, it stiet der. Froulju, dêr krij ik nea gjin hichte fan." It buordsje wie it idee fan ûnder oaren Hennie Vaartjes, syn frou. Sy hat it ea foar in pear euro yn Grou kocht. Sûnt dy tiid hawwe sy der in soad wille oan belibbe. "Mensen steken de duim omhoog en er worden veel foto's gemaakt", seit se.

Buordsje yn de finsterbank by famylje Vaartjes

15:14
De regintekeamer yn de Coopersburg
14:45
It is moai waar yn Akkrum, dizze froulju genietsje fan in drankje op it terras
Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
14:22
ThuisToko Mardjantie Kneefel
Mardjantie Kneefel - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Oan it spoar by Akkrum sit Thuis Toko Mardjantie. Mei har kursussen besiket Mardjantie Kneefel de Yndonezyske keuken bekend te meitsjen yn Fryslân. "Ik haw hjir in kookstudio, en dêr besykje ik minsken de basis fan it Yndonezysk itensieden te learen. In protte minsken hawwe fan it ferline út in konneksje mei Yndonezië en it iten altyd hiel lekker fûn. Ik besykje dat fia myn toko wer by minsken yn de keuken te krijen."

Iten betsjut in soad foar Kneefel. "Iten is gewoan lekker, mar it ferbynt ek. Mei iten meitsje je elkenien bliid, freonen, famylje, kollega's. Ik merk it ek as minsken hjir yn de toko oan it itensieden binne, dan ferbynt dat enoarm, je hawwe it deroer en je wurde der bliid fan."

Mardjantie Kneefel fan Thuis Toko Mardjantie

13:29
Sintrum fan Akkrum giet op 'e skop
Aize Wijnstra by tsjerke Akkrum - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Aize Wijnstra fan it doarpsbelang stiet by it Tsjerkebleek. "It Tsjerkebleek wie eartiids in moaie griene bleek by de tsjerke, mar der is net in soad oer, der binne parkearplakken makke en dêr wurdt ek yllegaal parkearre."

Doe't de gemeente jierren lyn fûn dat it sintrum ta wie oan fernijing, hat in wurkgroep fan ûndernimmers en ynwenners út it doarp plannen makke. "Wy hawwe op eigen houtsje in moai plan makke foar it Tsjerkebleek, dêr hawwe wy seis jier dwaande mei west." It plan is om yn 'e buert in nij parkearplak foar sa'n 40 auto's oan te lizzen.

Parkearplakken yn it sintrum hâlde

Der komme in soad auto's troch it doarp, mar dat moat neffens Wijnstra sa bliuwe. "Wy hawwe in moaie rânewei om Akkrum hinne, mar gelokkich ride de auto's ek noch troch Akkrum hinne. Dat moatte we ek sa hâlde."

Neffens Wijnstra is it ferkear troch it doarp wichtich foar de winkels yn it sintrum. "Der binne ek plakken dy krije sa'n rânewei en dan rydt der neat mear troch it doarp hinne, wy moatte wol wat libbenens hâlde. Wy hawwe in soad winkels hjir, en de minsken moatte ek parkearje kinne. Wy hâlde it parkearjen yn it sintrum en minsken binne hjir altyd wolkom."

Froukje by Tsjerkebleek yn Akkrum-Nes

Trefwurden: 
Akkrum Nes Simmer yn Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)