Fertraging ferholpen, GGD Fryslân test fakânsjegongers wer

20 jul 2021 - 08:36

De GGD Fryslân begjint tiisdei wer mei coronatesten foar fakânsjegongers. Dy ha sa'n reizgerstest mei in negatyf resultaat nedich om nei it bûtenlân te kinnen.

Foto: ANP

Ofrûne freed lei de GGD dy fakânsjetesten stil, omdat de testkapasiteit de drokte net oan koe: it laboratoarium Eurofins hie te folle tiid nedich om alle testen te ferwurkjen. Dêrtroch koene fakânsjegongers net binnen 30 oeren in útslach krije.

De GGD Fryslân wie ien fan de seis GGD'en dy't dy problemen hie.

Fakânsjegongers dy't in test oanfrege hiene, krigen in advys om har teste te litten by in kommersjele ynstânsje.

Kin no wer

Minsken dy't in negative test ha wolle foar de fakânsje kinne har no wer melde by de GGD. Dat kin telefoanysk en online.

It is net bekend hoefolle minsken oft har fakânsje mist ha troch de problemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)