Blessearre Sherida Spitse mist Spelen: "Mijn olympische droom valt in duigen"

Fuotbalster Sherida Spitse út Snits mist de Olympyske Spelen fanwege in blessuere oan 'e knibbel, dy't se moandei oprûn. "Het is klote. Dat ik het moeilijk heb, moge duidelijk zijn."
Eins is Spitse noait blessearre, seit se. En dan no dit:
Troch de blessuere leit de 31-jierrige Spitse wiken út de rûlaasje. Nederlân begjint woansdei al oan de Olympyske Spelen mei in wedstriid tsjin Sambia.
Spitse rûn de blessuere op by in partijfoarm op de training. "We speelden 4 tegen 4. En ik ga altijd 100 procent in alles wat ik doe. De bal werd terug gespeeld op Barbara (Lorsheyd, red.). Ik liep door om haar onder druk te zetten. Toen ze de bal wegwerkte, schoot ze vol op m'n teen van m'n rechtervoet. Mijn binnenband heeft een klap gekregen. Heel ongelukkig."
Sherida Spitse © Orange Pictures
Se hie net direkt yn de gaten dat it mis wie. "Dat gevoel had ik eerst niet. Toen ik op de grond lag, was ik vrij rustig. Ik had wel pijn, maar ik hoopte dat het weg zou trekken en dat het mee zou vallen." Dat wie dus net it gefal. "Dat valt rauw op m'n dak."
It duorre ek even foardat it ta har trochdrong dat se de de Spelen mist. "Eerst kwam het niet echt binnen, het besef was er niet. Later wel, toen ik op m'n kamer zat."
Over drie jaar kan ik er misschien weer bij zijn.
Sherida Spitse sjocht alfêst foarút
De lêste kear dat Spitse in wedstriid fan Oranje miste, wie yn 2016. "Ik heb eigenlijk nooit iets, het is nieuw voor mij. De olympische droom valt voor mij nu in duigen. Ik keek er heel erg naar uit." Nederlân docht dit jier foar it earst mei oan de Olympyske Spelen. Olympiër wurde stie noch op it winskelistje fan Spitse.

Oer trije jier?

Se sjocht al wol gau foarút. "Over drie jaar kan ik er misschien weer bij zijn. En tussendoor hebben we nog een EK en een WK. Ik blijf niet bij de pakken neerzitten, dus ik ben al aan het nadenken over de revalidatie. Ik ben te fanatiek, ik wil er weer staan."
Spitse is rekôrynternasjonal foar Oranje. Se hat 188 wedstriden spile foar de nasjonale seleksje. Mei Nederlân waard se al Europeesk kampioen en twadde op it wrâldkampioenskip.
No kin se neat oars as har ploechgenoaten oanmoedigje. "Dit gaat ons ook weer kracht geven. Ik wens mijn team heel veel succes, geluk en alle kracht toe die ik ze maar kan geven. Ik geloof in jullie! En veel liefde voor jullie!", seit se.
Spitse is noch wol by de wedstriid fan Nederlân tsjin Sambia, woansdei om 13.00 oere. Dêrnei stapt se op it fleantúch nei hûs.
Het is heel triest.
Bûnscoach Sarina Wiegman oer Spitse
Bûnscoach Sarina Wiegman hat begrutsjen mei har middenfjilder. "We gaan haar missen", seit Wiegman op in online parsemomint. "Ze is de verbinder in het team en de leider op het veld. Ze houdt de boel bij elkaar."

'Kin gebeure'

Tagelyk seit Wiegman dat soks gebeure kin. "Topsport is keihard. Je zoekt grenzen op. Maar het is heel triest. Ze is heel sterk en staat echt voor het team. Nu ze geen bijdrage kan leveren op het veld, kijkt ze direct naar hoe ze ons wel gaat steunen."
Wiegman ropt Joëlle Smits op as ferfanger fan Spitse. Der sit no noch ien Friezinne yn de olympyske fuotbalseleksje. Dat is Sisca Folkertsma út Sleat.