Provinsje en gemeenten steane enerzjykoöperaasjes yn de wei

20 jul 2021 - 06:28

Hieltyd mear Friezen rjochtsje sels enerzjykoöperaasjes op, mar provinsjaal en gemeentlik belied stiet dy ûntwikkeling yn de wei. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (FSP) dat tiisdei ferskynt.

Foto: Shutterstock.com (Martin Bergsma)

Enerzjykoöperaasjes, dy't bygelyks opset wurde foar in doarpsmûne, wurdt it net ienfâldich makke yn ús provinsje. Yn dit soarte koöperaasjes wurkje doarpelingen gear om griene enerzjy op te wekken en by de organisaasje dêrfan komme in soad regels om de hoeke. It tal enerzjykoöperaasjes yn Fryslân bliuwt tanimmen.

"Mar ek al groeit dat tal, de enerzjykoöperaasje bliuwt in marginale spiler op de enerzjymerk", seit Arjen Brander, ûndersiker by it FSP. Projekten wurde mei in soad muoite realisearre en dêrtroch bliuwt it oandiel enerzjy dat by koöperaasjes opwekke wurdt mar lyts.

Voucherregeling sjit tekoart

Foar it oprjochtsjen fan in koöperaasje is faak advys nedich fan saakkundigen op organisatoarysk, juridysk en finansjeel mêd. Sadwaande is der jild nedich om foar de oprjochting ûndersyk te dwaan en it proses te stypjen, mar de besteande Voucherregeling Energiecoöperaties is faak net genôch foar it hiele proses.

Benammen as projekten wat grutter of yngewikkelder binne, komt der net genôch jild fan dizze regeling om in koöperaasje fan de grûn te krijen. Ek as in koöperaasje al oprjochte is, en in projekt realisearje wol, komt er út de voucheregeling wei faak net genôch jild.

Foto: Shutterstock.com (Panumas Yanuthai)

Ut de regeling kin in enerzjykoöperaasje 5.000 euro krije. Mar dat is somtiden rap op. "Als je bijvoorbeeld moet laten uitzoeken of een dak sterk genoeg is om zonnepanelen te dragen, ben je al gauw 600 euro kwijt", fertelt Beau Warbroek as selsstannich ûndersiker dy't belutsen wie by it ûndersyk.

Tiid en jild reitsje op

"En als het dak dan niet geschikt blijkt, moet je op zoek naar een ander dak. Zo'n zoektocht alleen al kost veel tijd en geld. Als je dan ook nog langs een notaris moet, of ondersteuning nodig hebt bij een financieringsaanvraag, kan dat geld snel op zijn."

Oant koartlyn wie yn Fryslân de Energiewerkplaats, dêr't inisjatyfnimmers mei al harren fragen en foar advys terjochte koene. Dy bestiet net mear en de voucheregeling kaam dêrfoar yn it plak.

It belied stiet faak noch yn 'e berneskuon en is bot ad hoc.

Arjen Brander (FSP) oer de rol fan gemeenten

Benammen yn lytse gemeenten docht bliken dat it dreech is om in poat oan de grûn te krijen foar ynwenners dy't in enerzjykoöperaasje oprjochtsje wolle. Yn sokke gemeente binne faak net genôch meiwurkers dy't inisjatyfnimmers stypje kinne en dy't in dúdlike fisy hawwe op de nije foarm fan it enerzjy opwekjen. Gemeenten binne it faak net wend om mei oare partijen te wurkjen as mei projektûntwikkelders dy't mei in oanbesteging wurkje.

De gemeenten ha just in wichtige rol om't sy it tichtst by de ynwenners steane. "Mar it belied stiet faak noch yn 'e berneskuon en is bot ad hoc", stelt Brander fan it FSP.

Argyffoto - Foto: Energiek Goutum

Ek romtlik belied stiet enerzjykoöperaasjes yn 't paad. Yn de provinsje Fryslân is it belied dat der gjin nije wynmûnen op lân bykomme meie, en dêrmei wurdt it oprjochtsjen fan in wynkoöperaasje yn in doarp ûnmooglik makke. Ek it eventueel ferfangen fan in âld eksimplar foar in nij, heger model is dêrtroch net mooglik. Yn oare provinsjes, lykas yn Seelân of Limburch, is it oandiel wynenerzjy fan koöperaasjes dêrtroch folle grutter as by ús.

Draachflak

En dat wylst út in earder ûndersyk fan it FSP bliken die dat der just wól draachflak is foar de enerzjytransysje as ynwenners sels meidwaan kinne. Ut dat ûndersyk kaam nei foaren dat sizzenskip oer en eigendom fan de enerzjyproduksje hiel wichtich foar Friezen is.

Argyffoto - Foto: Energie Werkgroep Duurzaam Heeg

Grutte bedriuwen dy't enerzjy opwekje yn Fryslân bringe wol de lêsten lykas hoarizonfersmoarging en oare feroaringen yn it lânskip mei har mei, mar nimme de foardielen, lykas opbringsten, foar harsels. Neffens it FSP is dat funest foar de akseptaasje fan de enerzjytransysje.

Fan 6 nei 73

In goede oplossing foar dit probleem is dus de enerzjykoöperaasje. Dêr binne boargers sels mei belutsen en ferantwurdlik. Sy kinne sels de kar meitsje wat der mei de opbringsten fan har mûne of sinnepanielen bart. Dy opbringsten wurde bygelyks brûkt om de leefberens yn in doarp oerein te hâlden. Sa wurde der mei de winsten sportferieningen of in tsjerke betelle.

Yn de ôfrûne jierren groeide it tal koöperaasjes yn Fryslân fan 6 nei 73. De groei liket nettsjinsteande de problemen grut, mar de hoemannichte enerzjy dy't se opwekje kinne bliuwt lyts. Warbroek; "De bestaande coöperaties hebben moeite om projecten van de grond te krijgen en te groeien, onder andere door het wegvallen van de Energiewerkplaats."

Hoefolle romte hawwe enerzjykoöperaasjes?

Yn petear mei Energiewerkplaats en ûndersiker

Deputearre Sietske Poepjes liet earder oan it Friesch Dagblad witte dat der opnij sjoen wurde moat nei it skrassen fan de subsydzje oan de Energiewerkplaats. Se wol yn petear mei de Energiewerkplaats en mei ûndersiker Warbroek. Just by de enerzjytransysje moat de boarger belutsen wurde kinne. Demotivearjend belied moat dêrom tsjin it ljocht holden wurde, fynt se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)