Soargen oer oerstreamingsôffal dat yn de Noardsee bedarret

20 jul 2021 - 06:06

De oerstreamingen yn Dútslân, België en Limburch binne in ramp foar de minsken, mar kinne ek in probleem wurde foar de Noardsee. Al it wetter yn de beken en rivieren komt úteinlik út yn see. En dus ek in part fan it guod dat by de oerstreamingen yn dy rivieren bedarre is.

Foto: Stichting De Noordzee

Hoefolle ôffal oft úteinlik op ús Noardseekust bedarret is ûnmooglik om te sizzen, mar by Stichting De Noordzee ha se wol noed oer wat no allegearre ûnderweis is nei see. De stichting wurket oan in skjinne en sûne Noardsee.

Fersmoarging út rivieren

De rivieren ha altyd al in wichtige boarne foar ôffal yn see west. De stichting is yn 2017 úteinset mei inisjativen om de smoargens yn rivier op te romjen en de plestik fersmoarging te ûndersykjen. En dat giet no yn in fersnelling heger. "We zijn nu bezig met de opzet van opruimacties en extra onderzoek", seit Marijke Boonstra fan Stichting De Noordzee.

"MSC Zoe-ramp van het zuiden"

Lang net alles hellet de see, want no't it wetter sakket, lizze de wâlskanten fol mei ôffal dat - as it net opromme wurdt - dochs wer yn it wetter bedarje kin. Boonstra: "Het is een MSC Zoe-ramp van het zuiden, als je kijkt wat er allemaal op de oevers ligt."

Heechwetter yn Limburch - Foto: ANP

De streamingen op see soargje derfoar dat in part fan it ôffal foar de kust fan Seelân en Súd-Hollân yn 'e rjochting fan it noarden giet om úteinlik yn Arktyske gebieten te einigjen. Underweis spielt ek guod oan op de kust. Fansels hat it waar dêr ek ynfloed op.

Cleanup-aksje

Op 1 augustus set foar de achtste kear de grutte 'Beach Cleanup Tour' fan Stichting De Noordzee útein, op ûnder oare Skiermûntseach. "We gaan er zeker op letten of we afval tegenkomen dat mogelijk afkomstig is uit de overstromingen", seit Boonstra. De ferwachting is dat it hege wetter freed foar it earst de Noardsee berikt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)