Skrast SKS is meifaller foar goed doel: kilo's fleis en bamy nei De Schuilplaats

19 jul 2021 - 21:25

Se binne der by stichting De Schuilplaats yn Snits mar wat bliid mei, al is de oanlieding wat minder. De SKS giet net troch, wêrtroch skûtsje Súdwesthoeke kilo's oan fleis en bamy oer hie dat oars op it skip klearmakke wurde soe. No kinne de besikers fan De Schuilplaats, minsken dy't faak net in soad jild ha, genietsje fan it iten.

Stichting De Schuilplaats yn Snits stipet minsken mei in lytse beurs - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Skûtsje SWH hie it fleis al besteld by de slachterij Zijlstra yn de stêd, mar moast der no in oar plak foar fine. Stichting De Schuilplaats yn Snits makket der tankber gebrûk fan.

"We kunnen vanavond meteen 50 man die we zo gekregen hebben blij maken met een maaltijd. Dit is echt top", fertelt Oscar Zimmermann fan De Schuilplaats entûsjast. "We hebben negen bakken bami gekregen, heel veel hachee-vlees, stoofpotjes..."

Genôch fleis foar 40 bemanningsleden

Zimmermann hie noch wol eefkes troch gean kinnen mei it listje, want it wie genôch fleis foar de hast fjirtich bemanningsleden fan it skûtsje SWH, foar de twa wiken dy't de SKS-kompetysje duorje soe.

By De Schuilplaats wiene sy der wakker wiis mei

Petra de Haan, gewoanwei ien fan de koks op it skip, mocht it iten nei Snits bringe: "Dat giet spitigernôch net troch, mar der is neat oan te dwaan. It wie sa koartdei dat wy al it iten al regele hiene. De slachter hie alles al klear stean. We moasten der wat mei dwaan en ik tink dat dit in hiel goede bestemming is."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De stichting keapet gewoanwei sels alle yngrediïnten dêr't iten fan sieden wurdt. "Degene die kookt gaat kijken wat er in de reclame is. Daarna wordt dat hier klaargemaakt. We krijgen soms, zoals nu, eten dat overblijft en daar maken we dankbaar gebruik van."

De friezers fol

Der wurdt twa kear yn 'e wike foar mear as fyftich minsken iten sieden. De sjefs fan de dei hawwe it maklik: yn stee fan iten siede hoeve se allinnich noch mar de bamy te ûntteien. Genôch tiid om te fantasearjen hokker gerjochten se meitsje kinne mei al it oare fleis dat no yn de friezers leit.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)