It ingeltsje fan Cooper krijt lang om let de hân werom

Monumentenstichting Boarnsterhim knapt dit jier it mausoleum fan Frank Cooper (1843-1904) op, de filanroop dy't as Folkert Harmens Kuipers yn Akkrum berne waard. Op it gebouke steane twa ingeltsjes, mar ien hat al sûnt minskeheugenis in amputearre hân. In restauraasje moat dy wer yn de orizjinele steat werombringe.
It ingeltsje sûnder hân © Flickr.com (Truus, Bob & Jan Too!)
Frank Cooper wie in suksesfol sakeman yn Amearika. Yn 1900 liet hy yn syn bertedoarp Akkrum in tehûs bouwe foar earme âlderein: Coopersburg. Yn 1906 waard ek in mausoleum boud foar Cooper en syn frou, dy't dêr yn 1907 byset waarden.

Werom yn âlde steat

It mausoleum sit fol mei symbolyk. Sa steane der op de fjouwer hoeken fan it gebou ingeltsjes, as wachters fan it lêste rêstplak. It ingeltsje op de noardwestside mist lykwols de hân. Yn it ferline is it mei wat speesje reparearre, mar de monumintestichting wol it werombringe yn de âlde steat.
Sa seach it ingeltsje der om 1900 hinne noch út (links) © Monumentenstichting Boarnsterhim
Wat krekt dy âlde steat wie, die bliken út âlde foto's fan it mausoleum: it ingeltsje hie ea in fakkel yn 'e hân. Dizze stie oerein, as teken fan nij libben. De ingel oan de oare kant hie de fakkel omleech, as symboal fan it útdôvjend ljocht en libben.

Oar restauraasjewurk

Njonken it ingeltsje wurdt ek it dak fernije, wurde skuorren yn de muorren oanpakt, houtwurk opnij skildere en mei rust bedutsen ankers ferfongen.
De restauraasje wurdt mei mooglik makke troch ferskate fûnsen, lykas it Dinamo Fonds, it Hendrik Muller Fonds, de Van Heloma Stichting, it Prins Bernhard Cultuurfonds, de Meindersma-Sybenga Stichting, de Gravin van Bylandt Stichting en it Bouwcultuurfonds Friesland.
Kees de Boer (Monumentenstichting Boarnsterhim) oer de restauraasje fan it mausoleum
It mausoleum yn Akkrum © Flickr.com (Truus, Bob & Jan Too!)