Wat bringe nijkommers Xavier Mous en Tom Boere by de Fryske earedifyzjonisten?

De ien moat Robert Mühren opfolgje by SC Cambuur en de oar wol de nije keeper fan sportklup Hearrenfean wurde. Tom Boere en Xavier Mous binne moandei te gast yn de SportCast. Dêryn prate wy mei harren oer de tarieding en oer de tiid dat Boere en Mous tegearre by FC Oss spilen.
Mous gie yn 2019 fan Cambuur nei PEC Zwolle, mar in fêste basisspiler waard hy dêr noait. "Het was toen een mooie stap, maar ik merkte na twee jaar dat ik behoefte had aan een nieuwe stap. Bij Cambuur was het allemaal goed, goed, goed. Bij Zwolle was het wat wisselvalliger."
By Hearrenfean hat hy konkurrinsje fan Erwin Mulder. "Ik ben ambitieus en wil graag gas geven. Ik wil graag spelen en kan me moeilijk schikken. Ik zou de stap niet maken als ik niet minimaal een mogelijkheid had om te gaan spelen."
Het vertrouwen bij Zwolle was er nooit zoals het er bij Cambuur wel was.
Xavier Mous
Tom Boere komt oer fan SV Meppen út de tredde Bundesliga en moat mei Sam Hendriks de konkurrinsje oangean foar de posysje fan earste spits. "De laatste twee jaar heb ik bij drie clubs gespeeld. Dat is niet echt positief geweest. Ben blij dat ik het nu bij Cambuur mag laten zien. Cambuur is ook een stap verder qua niveau dan Meppen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
By Cambuur komt hy by in seleksje dy't hast net feroare is. "Maar de speelwijze past wel heel erg bij mij. Ik moet daar wel weer aanwennen, omdat ik bij mijn laatste clubs anders speel. Maar dit vind ik juist wel heel leuk."
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.