Houtprizen noch hieltyd heech: útdaging foar bousintra

De bousektor wrakselet noch hieltyd mei in soad ûnwissens troch de heger wurdende priis fan boumateriaal. "It is ferskriklik, de houtprizen binne heech. Wy hawwe aldergeloks noch wat foarried ynkeapje kinnen, mar je merke dat de bou der serieus lêst fan hat", seit Bettina Leijstra fan bousintrum Eppinga yn Drachten.
© Shutterstock.com (schankz)
De ynternasjonale houtprizen stiene in pear moannen lyn op rekôrhichte. Yntusken binne de prizen op wrâldnivo wer wat omleech gien, mar foar de konsumint is it noch altyd djoer.
"It is foaral de krapte troch de Amerikanen dy't Europa ûntdutsen hawwe," tinkt Leijstra. "En dêr kaam de coronakrisis oerhinne. Yn Nederlân sieten in soad minsken thús, de ferfeling sloech ta en doe moast der dochs mar ferboud wurde."

Leveransiers

It wie foar it bousintrum foaral in útdaging om it hout fan allerhanne mooglike lingten te finen. "By de iene leveransier moasten wy dit keapje, by de oare wer dat. Wylst wy gewoanwei by ien leveransier terjochte koene."
Bettina Leijstra