Johan Talsma ferlit FVD: "Forumland is in Teletubbylân"

Johan Talsma fan Dokkum stapt út Forum voor Democratie. Yn Noardeast-Fryslân sit Talsma út namme fan de ELP (Eerste Lokale Partij) yn de ried, mar sûnt 2016 wie Talsma lanlik oansletten by Thierry Baudet. "Op in gegeven momint hâldt it in kear op", seit Talsma. Hy kin him net mear fine yn de ideeën fan Baudet.
© Omrop Fryslân, René Koster
Talsma hat mei Baudet sels sprutsen oer de koers fan de partij. "Ik haw ferline wike noch mei Baudet yn Den Haag op in terras sitten, mei in oar bestjoerslid. Ik woe Baudet graach freegje nei syn kant fan it ferhaal", jout Talsma oan.

Net efter brek en poster

Hy wiist op de brek tusken Forum en de eardere Keamerleden Wybren van Haga, Olaf Ephraim en Hans Smolders. "It wie stof ta neitinken. Ik haw gjin oerhaaste konklúzjes lutsen oer wat sy yntern hân hawwe. Mar it wie de safolste kear. It binne de sprekwurdlike lêste drippen."
Johan Talsma fan Dokkum
Talsma wiist ek op de poster dy't op sosjale media te sjen wie, wêrmei't it ferbân lein waard tusken de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldoarloch en it coronabelied fan it kabinet. "Dêr stie ik net efter."
Wat Baudet wol mei Forumland soe, dêr kin ik net efter stean. It soe itselde wêze as Teletubbie-lân.
Johan Talsma
Koartlyn sei Baudet nei te tinken oer in eigen 'Forumland' mei eigen mediakanalen, in cryptomunt, sikehuzen en skoallen.
In soarte aparte pylder foar FvD-leden, binnen de besteande mienskip. "Ik hâld wol fan filosofysk tinke, mar wat Baudet wol mei Forumland soe, dêr kin ik net efter stean. It soe itselde wêze as Teletubbie-lân. It is net mear de ledepartij dy't it yn it begjin wie", seit Talsma.
Neffens him binne de 'echte ûndernimmers' net mear by de partij. "Je kinne it ek posityf besjen. Alles wat ôfsplitst, giet net nei links ta," seit Talsma oer de dissidinten.

Wolle je dit noch langer?

It opstappen docht neffens Talsma wol in bytsje sear. "Want it hat wol myn partij west. Ynhâldlik stean ik der ek noch twahûndert persint efter, allinne der binne bepaalde útspraken dêr't ik my net oan konformearje kin. Dan moatte je op in gegeven stuit tinke: wolle je dit noch langer? Ik haw neat tsjin de persoan Thierry Baudet. Mar hy hat oare gedachten en nimt in oare ôfslach."

Fokus op de ELP

Talsma sil him no wer folslein rjochtsje op ELP Noardeast-Fryslân. "Wy hawwe in leuke partij opset yn de gemeente mei minsken út alle lagen. It is no wer fokus op de eigen partij."