Ferdigener Sven van Beek tekenet kontrakt by SC Hearrenfean

Sven van Beek hat in kontrakt foar twa seizoenen tekene by SC Hearrenfean. De 26-jierrige ferdigener komt transferfrij oer fan Feyenoord. Technysk manager Ferry de Haan tinkt dat Van Beek mei syn 'no-nonsense-mentaliteit' in soad taheakje kin oan de seleksje.
Sven van Beek © Orange Pictures
Nei goed 15 jier by de Rotterdammers spile hy yn it ôfrûne jier op hierbasis by Willem II. Van Beek slút fuortendaalks oan by SC Hearrenfean op it trainingskamp yn Garderen.