Ferlet fan Kleanbank Oerterp: al foar de iepening 35 húshâldingen holpen

19 jul 2021 - 16:00

Al foardat de nije kleanbank yn Oerterp offisjeel iepene, hawwe de inisjatyfnimmers al sa'n 35 húshâldingen holpen. De kleanbanken yn Drachten en Burgum binne sletten en in pear skrinende gefallen hiene grut ferlet fan klean. Sandra en Christiaan Benedick hawwe de kleanbank makke troch de eigen skuorre om te bouwen.

Oerterp hat tenei in kleanbank:

Sandra Benedick runt al mear as in jier in Facebookside foar minsken út de minimagroep. Sa kaam sy der ek efter dat der grut ferlet fan kleanguod wie. Dêrom is ûnder de flagge fan de organisaasje Voor de minima Nederland (VDM) de kleanbank opset.

Christiaan Benedick

Wethâlder Libbe de Vries fan Opsterlân hat de bank moandei offisjeel iepene. Minsken kinne har tenei oanmelde om in healoere allinne klean út te sykjen yn de skuorre oan de Mouneleane.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Opsterlân Oerterp kleanbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)