RIVM: 264 nije besmettingen yn Fryslân

19 jul 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 264 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 33 mear as snein, doe gie it om 231 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 235 besmettingen meld. Snein lei dat trochsneed op 243. It is foar it earst sûnt 2 july dat it deistige gemiddelde net oprint.

It trochsneed leit wol heger as in wike lyn, want dat lei doe noch op 141.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 66. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 39, en Hearrenfean mei 36.

Gjin nije stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije minsken opnaam yn it sikehûs, as gefolch fan it coronafirus.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 8.932 nije coronagefallen registrearre. It deistige trochsneed yn Nederlân wie de ôfrûne wike 10.112.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)