Freedom Day yn Ingelân: "It is taktyk, mar it fielt as eksperimint"

19 jul 2021 - 14:53

"Ik bin sawat flechte foar dizze ferrommingen." Mona Smith komt út Fryslân, mar se wennet yn Ingelân. En se is bepaald net bliid mei Freedom Day, de dei dat Boris Johnson sawat alle coronamaatregels yn Ingelân skrast.

Foto: ANP

Gjin mûlkapkes mear, gjin ôfstân mear. Diskoteken en eveneminten binne frij tagonklik. En dat wylst it Feriene Keninkryk mei sawat 50.000 nije besmettingen deis op it stuit ien fan de lannen is mei de measte coronagefallen op 'e wrâld.

"Dizze ferrommingen soenen yn juny al wêze, mar dat is in moanne útsteld, omdat de besmettingen doe ek al omheech gongen", seit Smith. "No geane de besmettingen noch hieltyd omheech, mar Johnson hat dizze dei tasein, dus hy kin der net mear ûnderút."

Sjoch mar hoe't it yn Nederlân gongen is. It kin net.

Mona Smith sjocht de ferrommingen net sitten

It doel fan Ingelân is om in pyk yn de coronabesmettingen yn de simmer te hawwen, seit Smith. "Want no binne de minsken bûten. Yn septimber en oktober sitte je ek noch mei de gryp. It is taktyk, mar it fielt mear as in eksperimint. Sjoch mar hoe't it yn Nederlân gongen is. It kin net."

Mûlkapkes

Smith is it net iens mei de premier, en neffens har in soad oare Ingelsken en saakkundigen ek net. "It is sa rigoereus allegear yn ien kear. Minsken kinne kieze oft se nei in diskoteek of restaurant wolle, mar de measte minsken kinne net kieze oft se nei de supermerk geane of mei it iepenbier ferfier reizgje." Se hie graach sjoen dat dy lêste plakken dochs de mûlkapkeplicht holden.

Eigen ferantwurdlikens

Johnson wiist lykwols op de eigen ferantwurdlikheid fan minsken. "Mar dêrmei makket er him der maklik fan ôf", fynt Smith. En guon gebieten en ynstellings folgje it belied fan de lanlike regearing ek net. "De boargemaster fan Londen, Sadiq Khan, hat al sein dat er mûlkapkes hâlde wol. En de fleantúchmaatskippij en de Eurostar wolle dat ek noch. De measte supermerken freegje ek om de mûlkapkes op te hâlden."

Mona Smith - Foto: Eigen foto

Mar dochs: moandei is foar in soad minsken yn Ingelân Freedom Day. Yn Ingelân, mar net yn Wales, Skotlân en Noard-Ierlân. "Dêr kinne se har eigen maatregels nimme", seit Smith. "Dêr binne se ek wat ferstanniger. Se binne der ek hurd rekke troch corona, mear noch as Ingelân."

Iroanysk

"It is wol iroanysk", seit Smith. "Boris Johnson sit no sels tsien dagen yn karantêne. Hy wie yn kontakt mei de minister fan folkssûnens, dy't no posityf test is."

Smith is op it stuit in pear dagen yn it heitelân. "No't ik hjir bin, rint elkenien ek sûnder mûlkapkes. Dêr moat ik sa oan wenne. Ik ha noch sa it gefoel om in mûlkapke op te dwaan en om minsken hinne te rinnen. It wurdt yn Ingelân ek ûnwennich."

Foarearst noch net nei drokke plakken

Dat mûlkapke sil se de kommende tiid wol by har hâlde. "Freed gean ik mei myn dochter werom nei Ingelân. Earst mei de trein, dan moat it mûlkapke sowieso op. En dan hellet myn man my op, want ik wol noch net mei it iepenbier ferfier. Ik sjoch der wol tsjin op. Ik gean earst allinnich nei de supermerk as it rêstich is. En by de restaurants allinnich bûten sitte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)