GGZ Friesland wol opstean tsjin geweld: "Blijf van onze hulpverleners af"

Nederlânske ggz-organisaasjes ha mei in paginagrutte advertinsje yn lanlike deiblêden in oprop dien oan elkenien om op te stean tsjin geweld tsjin helpferlieners. De advertinsje is ek ûndertekene troch GGZ Friesland en Fier Fryslân.
Blommen yn Den Haag nei in deadlik ynsidint by in ggz-ynstelling © ANP
Oanlieding foar de oprop is in slim geweldsynsidint by in ggz-ynstelling yn Den Haag ferline wike. Dêrby kaam in helpferliener om it libben en in oar rekke swier ferwûne. De fertochte makke nei it ynsidint in ein oan syn libben.
"Na het incident dachten we: wat betekent dit voor ons?", seit Ton Dhondt, bestjoerder fan GGZ Friesland. "Moeten we extra alert zijn en maatregelen nemen?"
"Maar de gedachten gaan ook naar de mensen die getroffen zijn. Het is natuurlijk vreselijk dat iemand bij z'n werk in de geestelijke gezondheidzorg wordt neergeschoten of ernstig gewond raakt. Daar willen we heel graag aandacht besteden."
De advertinsje yn lanlike kranten © Omrop Fryslân
Dhondt sjocht gelokkich gjin groei yn it tal geweldsynsidinten yn de ggz yn Fryslân. "Zoiets als in Den Haag is gelukkig uitzonderlijk. Dat hebben we hier nooit meegemaakt. Dat komt ook door de goede samenwerking, bijvoorbeeld met de politie. Maar dat houdt niet alles tegen. We hebben goed ingezet op het proberen voorkomen van zulke incidenten."
Mensen die hulp nodig hebben, wil je niet confronteren met enorme beveiligingsmaatregelen.
Ton Dhondt, bestjoerder fan GGZ Friesland
It ynsidint wie de oanlieding foar de grutte advertinsje. "Het signaal moet zijn: blijf van onze zorgverleners af. Er gebeurt iets in de maatschappij waardoor zorgverleners niet veilig zijn bij het werken in zulke situaties. Maar ze doen werk voor heel veel mensen die de hulp nodig hebben. Dus zorg dat ze hun werk kunnen doen."
Yn de advertinsje stiet ek dat it ynsidint syn wjerslach net ha mei op de 1,3 miljoen minsken dy't alle jierren in berop dogge op de ggz. "In de discussie zag ik mensen die zich afvragen of er beveiligingspoortjes moeten komen, of scans bij de deuren, of iedereen controleren die binnenkomt. Maar dat wil je natuurlijk niet. Mensen die hulp nodig hebben, wil je niet confronteren met enorme beveiligingsmaatregelen."
Tinksto ek oan selsmoard of makkest dy soargen om ien? Prate dêroer kin anonym: chat fia www.113.nl of belje 113 fergees 0800-0113.