Meiwurker Wetterskip Fryslân koe sa oanskowe om te helpen yn Venlo

19 jul 2021 - 12:27

Alle helptsjinsten en oerheidsynstânsjes fan Nederlân sjitte Limburch al hast in wike te help. Wetterskip Fryslân wie ek aktyf yn it krisissintrum yn Venlo.

Heech wetter by Lomm (gemeente Venlo) - Foto: ANP

Jasper de Rijke is koördinator kalamiteiten by it Wetterskip Fryslân. Hy krige tongersdeitejûn foar it earst berjocht út Limburch. "Ze vroegen andere waterschappen om hulp. Aan alle waterschappen wordt dan gevraagd er personeel beschikbaar is, maar ook materieel, zoals zandzakvulmachines."

It Wetterskip Fryslân hat dykynspekteurs en ynformaasjekoördinatoaren oanbean. "En vrijdag is er een collega naar Limburg afgereisd, die daar het hele weekend heeft meegewerkt."

Oeral deselde wurkwize

Se koe dêr sa oanskowe. "Alle waterschappen werken op dezelfde manier en we hebben dezelfde structuur bij calamiteiten. De informatiecoördinatoren weten dus wat ze kunnen verwachten. Ze moest de informatie uit het systeem doorgeven aan andere overleggen."

Dat giet oer alderhande saken. "Over alle problemen die er zijn, wat eraan gedaan wordt, wie waarheen moet. Ze heeft met name binnen gekregen waar de problemen zijn en welke collega daarheen moest om het op te lossen."

Heech wetter yn Limburch - Foto: ANP

Ynwenners fan de gemeente Venlo kinne sûnt moandei wer nei hûs, meldt regionale omrop 1Limburg. Freed wienen út foarsoarch goed 10.000 minsken evakuearre, omdat it wetter hieltyd heger kaam.

Minsken dy't werom thús binne, krije it advys om direkt te kontrolearjen oft har elektrisiteit en gas goed wurket. Boppedat moatte se eventuele skea op de foto sette, foardat se oan it opromjen slagge.

Het is echt dramatisch, niet om aan te zien.

Jasper de Rijke oer de situaasje yn de troffen gebieten

It sikehûs yn Venlo waard ek ûntromme. Dat giet woansdei wer iepen. Hast 240 pasjinten binne tydlik oerpleatst.

De Rijke is skrokken fan de bylden út Limburch, Dútslân en België. "Het is echt dramatisch, niet om aan te zien. Vreselijk." Hy tinkt net dat it hjir ek gebeure kin. "In heuvelachtige gebieden is het van een heel andere orde. Hier kan wel wateroverlast ontstaan, maar niet met dezelfde stroomsnelheden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)