Jan van der Bij nochter ûnder debút op de Spelen: "Deselde lannen lizze der as op it WK"

19 jul 2021 - 12:00

Debutearje op de Olympyske Spelen is mar foar in hiel lyts groepke weilein. As je dat helje, soene je sizze dat je wol wat senuweftich binne. Mar dat jildt net foar Jan van der Bij fan Earnewâld, dy't as roeier yn de fjouwer-sûnder-stjoerman nei Tokio ta giet.

Roeier Jan van der Bij mocht mei op it skûtsje fan Earnewâld

It giet hurd mei de karriêre fan Jan van der Bij. Seis jier lyn begûn er mei syn stúdzje yn Amsterdam en op in jûn waard er útdage om ris wat sjen te litten op in roeimasine. Dat liet er him gjin twa kear sizze. Van der Bij roeide alles en eltsenien derút en fertsjinne dêrmei in lidmaatskip foar in studinteroeiferiening. Trije jier letter siet er by de Nederlânske ploech en wer twa jier letter waard er dêrmei Europeesk kampioen.

Top trije moat der yn sitte

No wol Van der Bij mear. Hy roeit mei Boudewijn Roell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema en yn de fjouwer-sûnder-stjoerman hoopje se in medalje pakke te kinnen. "Ik tink dat der fjouwer boaten binne dy't stride om de plakken", fertelt Van der Bij. "Australië, Grut-Brittannië, Roemenië en wy. De top trije moat der yn sitte."

En wat no as it gjin goud, mar sulver of brûns wurdt? "As we alles dien ha wat we kinne, dan kinst der frede mei ha. Mar op dat momint... Ast my dan bellest, sil ik wol bale."

Se roeie in wedstriid fan twa kilometer en fia de foarrondes kinne se harren pleatse foar de finales. Njonken Van der Bij leveret Fryslân noch in roeier foar de Nederlânske ploech: Ymkje Clevering fan Haulerwyk.

Foto: Omrop Fryslân

Heit Haye van der Bij learde Jan as lyts jonkje al wat hurd wurkjen is. Hy naam syn soantsje mei te reidsnijen, mar dat net allinne. Heit Van der Bij wie ek bemanningslid op it skûtsje fan Earnewâld. En sa kaam Jan ek yn de kunde mei it skûtsjesilen. Dat wie eins syn earste oanrekking mei wettersport.

Jan mei de dropkes

Skipper Gerhard Pietersma fan it Earnewâldster skûtsje kin it him ek noch wol heuge. "Jan siet yn de roef en wylst de manlju drok dwaande wiene om de skoaten binnen te heljen, frege Jan oft se ek in dropke woene. Sûnt dy tiid is it 'Jan mei de dropkes'", fertelt Pietersma, dy't no noch altyd skipper is fan Earnewâld.

Sân jier lyn wist er amper wat in roeiboat wie.

Heit Haye van der Bij oer soan Jan

Foar heit Van der Bij is it yn alle gefallen hiel bysûnder dat syn soan no nei de Olympyske Spelen ta giet. "As je der by neitinke, dan snappe je it net iens. Sân jier lyn wist er amper wat in roeiboat wie. Mar, hy hat altyd wol mei wetter dwaande west." Heit Haye is in nochtere Wâldman, mar is tige grutsk op syn soan. "Ik ha de skuon oan, mar jo rinne njonken de klompen. Sa is it wol."

Wy witte wat we dwaan moatte

Jan hat it nochtere yn alle gefallen meikrigen fan syn heit. As we him freegje nei oft er ek gespannen is foar de Spelen, ûntkent er dat. "Nee, it is in wedstriid sa as eltse wedstriid. Der is wat mear te heljen, mar deselde lannen lizze der as op it WK. Wy witte wat we dwaan moatte. Wy hawwe it sa faak dien, dus we witte presys hoe lang't it is. Ast gewoan dochst watst dwaan moatst, dan is der eins neat oan de hân. Ast wat geks dochst, dan wurdt it oars. Dêr hoechst om myn part net senuweftich foar te wêzen."

Hy is der klear foar. "We binne 'kneiterfit' en kom mar op!"

Jan van der Bij oan it helmhout mei skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân

Wannear komt Jan van der Bij yn aksje?

It wurdt de wekker sette of hiel lang opbliuwe as je de wedstriden fan it roeien sjen wolle. It fynt nammentlik allegear plak as it hjir nacht is. De foarrondes binne oankommende freed- op sneontenacht tusken 01.30 en 05.30. As Jan van der Bij en de fjouwer-sûnder-stjoerman it goed dogge, is de A-finale woansdeitemoarn 28 july tusken 01.30 en 04.40.

Giet it net hielendal goed yn de foarrondes, dan binne de herkânsings moandei 26 july tusken 02.00 en 04.20. Dêryn kinne Van der Bij-en-dy harren noch pleatse foar de finales.

Wis is dus dat it nachtwurk wurdt. Dat makket heit Haye van der Bij net út. "Wy kinne der spitigernôch net by wêze, mar wy sjogge him roeien. Dan slaan we mar in nacht oer, dat ha we der wol foar oer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)