Earste prik kin no sûnder ôfspraak op fjouwer fêste plakken yn Fryslân

19 jul 2021 - 11:07

Mei yngong fan moandei kinne minsken op fjouwer plakken in earste faksinaasje tsjin it coronafirus helje sûnder dêrfoar in ôfspraak te meitsjen. Dat kin yn Appelskea, Dokkum, Frjentsjer en Koudum.

Der kin no op 'e bonnefoai prikt wurde:

De fjouwer faksinaasjelokaasjes fan de GGD geane mids augustus ticht. Oant dy tiid kinne minsken dus harren earste prik helje tsjin it firus sûnder dat se earst by it RIVM in ôfspraak meitsje. De GGD Fryslân is de earste GGD yn Nederlân dy't de earste prik sûnder ôfspraak oanbiedt.

Nei't de fjouwer lokaasjes ticht geane, binne der noch fjouwer oare lokaasjes yn Fryslân foar it faksinearjen: yn Ljouwert, Drachten, Snits en op It Hearrenfean.

De GGD rydt ek mei in faksinaasjebus troch de provinsje. Dêr kinne minsken ek teplak foar in prik sûnder in ôfspraak. De bus stiet tiisdei op it Cambuurplein yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Trefwurden: 
GGD Fryslân faksinearjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)