It Amelân bepraat ferskaat hûzeoanbod: fleks, sosjale hier en keap

Op It Amelân binne plannen foar flekshûzen. Dy wenningen binne bedoeld foar minsken dy't op koarte termyn in hûs nedich hawwe. Sy meie dêr dan in beheinde tiid wenje.
Hollum op It Amelân © Shutterstock.com (Ivonne Wierink)
"Denk aan mensen die in de zorg of het onderwijs werken", seit wethâlder Theo Faber. "Of aan mensen die gescheiden zijn en snel iets nodig hebben. Zij mogen dan twee jaar in deze flexwoningen wonen en dan doorstromen naar reguliere huizen."
It giet net direkt om in hiel soad flekshûzen: it binne der fjouwer. "We zijn en blijven een eiland, het gaat hier niet in de heel grote getallen."
Mooglik komme der letter noch wol guon by. "Er zijn plannen om nog een locatie te ontwikkelen met vier huizen, maar die bouwen we pas als de toewijzing van deze eerste vier klaar is. Dan bespreken we de ervaringen met de gemeenteraad."

Grutter hûzeplan

De flekshûzen binne ûnderdiel fan in grutter hûzeplan op it eilân, want der steane in protte minsken yn de wachtrige. "Er komen veertig sociale huurwoningen, een stuk of vijftien koopwoningen en dus deze flexwoningen."
"Als dit klaar is, is het evenwicht tussen vraag en aanbod een stuk beter", tinkt Faber.

Legere hier

De bedoeling is dat de hier foar de flekshûzen tusken de 400 en 450 euro bliuwt, seit de wethâlder. By oare hierhûzen op it eilân leit dat tusken de 650 en 750 euro yn 'e moanne. "Het plan is om een wat meer divers aanbod te krijgen."
De gemeenteried fan It Amelân praat moandeitejûn oer it beskikber stellen fan 50.000 euro om de bou fierder ta te rieden. As alles neffens plan ferrint, kinne minsken yn it neijier fan 2022 de flekshûzen yn.