Danny Noppert ûnderút yn earste ronde World Matchplay

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is al yn de earste ronde fan de World Matchplay útskeakele. Hy ferlear mei 10-2 fan Peter Wright út Skotlân, de nûmer twa fan de wrâld.
Danny Noppert © Orange Pictures
Noppert (30) wûn de earste leg yn Blackpool, mar seach dêrnei dat Wright wat te goed wie. Dy wûn seis legs op rige en lei de basis foar syn oerwinning. "Ik win dit toernoai en ik win it WK", sei de Skot foar de wedstriid.
Wright hat dit seizoen al trije toernoaien wûn. Ferline wike wûn er noch mei 6-3 fan Noppert op de Players Championship 20 yn Coventry.