Aldemardum hat eigen doarpsflagge nei ûntwerpwedstriid

18 jul 2021 - 21:36

Aldemardum hat in eigen doarpsflagge keazen. De flagge is keazen út seis flaggen dy't ynstjoerd wiene foar in wedstriid. Hanny van den Berg wie de winneres.

De flagge waard dit wykein by in spesjale presintaasje bekend makke troch boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren en âld-foarstitter Jelte de Jong fan it doarpsbelang.

De ynwenners fan it doarp krigen de ûntwerpen troch de brievebus. Sa'n 40 persint fan de stimmen gie nei it ûntwerp fan Van den Berg.

Kleuren fan Gaasterlân en De Fryske Marren

De hazze yn de flagge ferwiist nei de eardere gemeente Gaasterlân. De kleuren blau, giel, grien en read fan de flagge binne basearre op dy fan Gaasterlân, it wyt komt út de flagge fan De Fryske Marren. It kroantsje komt út it wapen fan Gaasterlân.

De seis nominaasjes dêr't minsken út kieze koene:

Trefwurden: 
Aldemardum doarpsflagge
(Advertinsje)
(Advertinsje)