Properoargel fan Snitser Sudertsjerke oerdroegen oan Poalske stêd

18 jul 2021 - 21:44

Yn de Snitser Sudertsjerke is sneintejûn it histoaryske Properoargel symboalysk foar 1 euro oerdroegen oan de âld-katolike tsjerke fan de Poalske stêd Lodz. It oargel waard by de gelegenheid foar it lêst bespile troch de 83-jierrige fêste oargelist Folkert Binnema.

De PKN-gemeente fan Snits naam ôfskie fan it oargel:

Binnema spant him ek bot yn foar in waarme oerdracht fan it oargel oan de tsjerklike gemeente yn Poalen. De PKN-gemeente fan Snits hat it oargel net mear nedich en is bliid dat der in moaie nije bestimming foar fûn is. It oargel wurdt de kommende dagen hoeden demontearre en oanslutend nei Poalen ferfierd. As it heal kin wol Binnema letter dit jier sjen hoe't it oargel klinkt yn Poalen en der ek dêr op spylje.

De PKN-gemeente fan Snits naam sneintejûn ôfskie fan it oargel. Dêrby wie ek in delegaasje út Lodz oanwêzich. Troch de ferhuzing fan it oargel binne Snits en Lodz no altyd mei-inoar ferbûn, sa sei de âld-katolike pastoar út dy stêd.

Oargelist Folkert Binnema

(Advertinsje)
(Advertinsje)