Froulju fan Libertas Damwâld winne it NK Beach Soccer

18 jul 2021 - 19:17

Fuotbalferiening Libertas fan Damwâld hat de Nederlânske titel beach soccer wûn. It team fan Beach Soccer Zeeland waard yn de finale yn it Zuiderpark yn Den Haag mei 1-0 ferslein troch de froulju fan Libertas.

Foto: Zaalvoetbalvereniging Libertas

It doelpunt waard makke troch Sam Bosma. De treffer foel al nei ien minút yn de wedstriid, mar foar Libertas wie it genôch om Nederlânsk kampioen te wurden. "Libertas verrast vriend en vijand met Nederlandse titel", sa skriuwt de klup op sosjale media. "Top weekend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)