Bakker Schotanus wint foar de twadde kear priis mei roggebrea

18 jul 2021 - 17:53

Bakker Wander Schotanus fan Twizelerheide hat foar de twadde kear de produktferkiezing Fryslân Culinair wûn mei syn roggebrea. De priis foar it bêste Fryske roggebrea waard freed op De Jouwer útrikt troch Robèrt van Beckhoven en Reitse Spanninga.

Foto: Eigen foto

It wie net de earste kear dat Schotanus wûn, want hy krige de priis yn 2005 ek al ris. "Doe wie Joop Braakhekke de sjueryfoarsitter en no wie it Robèrt van Beckhoven, dus it is ek troch twa ferskillende minsken kard. Dat is wol bysûnder, dat sy sa unanym seine: dit is in goede smaak."

Bakker Wander Schotanus fan Twizelerheide

Bakker Schotanus hat opnij in oarkonde krigen, "Ik set 'm moai by de oare del. Ik haw it bakken fan myn heit meikrigen, as jonkje yn de bakkerij. Dat haw ik gewoan trochset. It is net dreech om roggebrea te bakken, mar it komt wol krekt. As it in heal oerke te lang yn de oven sit, wurdt it al te drûch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)