Plysje bliid mei rappe helpferliening troch rekreant nei ûngelok by Sint-Nyk

18 jul 2021 - 17:16

De plysje fan De Fryske Marren is tige te sprekken oer it kordate hanneljen fan in frou út Sint-Nyk, dy't har oer it slachtoffer fan in iensidich ûngelok op de A6 ûntferme. Tusken fersoargingsplak De Lanen en de ôfslach nei Sint-Nyk bedarre sneontejûn in auto mei hege snelheid fan de dyk yn in reidkraach.

Foto: Politie De Fryske Marren

De ynwenster fan Sint-Nyk wie tafallich mei in boat op it eilantsje Ganzetippe yn De Tsjûkemar, deun njonken de sneldyk. Sy seach it ûngelok barren, twivele net en swom nei de auto ta. Sy hat har ûntferme oer de bestjoerder. "Chapeaux voor dit kordate optreden," sa skriuwt de plysje.

It slachtoffer is mei lichte ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs, foar kontrôle.

Trefwurden: 
ûngelok A6 Sint-Nyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)