Bergsma, Van der Schoot en Van Zwieten winne finale Rengersdei

De finale fan de 102e Rengersdei is mei 5-3 6-2 wûn troch it partoer fan Marten Bergsma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten. De haadklassemanlju keatsten de finale tsjin Willem Heeringa, Jouke Bosje en André van Dellen.
Marten Bergsma:
De Rengersdei is organisearre troch LKC Sonnenborgh yn Ljouwert. Marten Bergsma kaam yn aksje as ferfanger fan Enno Kingma. It partoer mei Van Dellen liet wol lef sjen yn de opslach, mar de winst wie foar Bergsma.
Oer it algemien wie echte spanning net oan de oarder, it wie in nuete Rengersdei. Van Zwieten waard útroppen ta kening.
Jouke Bosje:
By de frouljus haadklasse yn Sint-Anne hawwe Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra wûn. Sy fersleine Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia mei 5-2 6-4.
© Henk Bootsma